It's My Birthday, Too

It's My Birthday, Too is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "it is ek myn jierdei". It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Yn 'e ynterne gronology fan dy searje spilet it tusken de foarfallen yn 'e romans White Night en Small Favor. Yn It's My Birthday, Too giet tsjoender en privee-detektive Harry Dresden op jierdeisbesite by syn healbroer Thomas Raith, dy't dy deis dielnimt oan in live action role-playing game (LARP) mei in fampieretema. Dan dûkt der in wiere fampier op. Butcher skreau It's My Birthday, Too foar de blomlêzing Many Bloody Returns, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. Dat boek waard yn 2007 ûnder redaksje fan Charlaine Harris en Toni L.P. Kelner útjûn troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books. Yn 2010 waard It's My Birthday, Too werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Side Jobs, dy't ek ferskynde by Ace Books.

It's My Birthday, Too
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2007
oarspr. útjwr. Ace Books
bondel Many Bloody Returns
Side Jobs
rige
rige The Dresden Files

Ynhâld bewurkje seksje

As Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, nei in drege put thúskomt mei syn jonge learlinge Molly Carpenter, beseft er dat er de jierdei fan Thomas Raith fergetten is. (Thomas is syn healbroer en in fampier fan it Wite Hôf, wat betsjut dat er eins mear in ynkubus is ynstee fan in 'tradisjonele' fampier, mei't er him fiedt mei gefoelens fan lust ynstee fan bloed.) Dat se sette ôf nei Thomas syn appartemint, mar hy blykt net thús te wêzen. As Harry him opskillet, fertelt Thomas dat er foar in evenemint yn 'e Woodfield Mall is, yn Schaumburg (Illinois), in foarstêd fan Chicago. Hy docht lykwols geheimsinnich oer hokfoar evenemint oft it om giet. Harry, dy't no wisberet is om Thomas it jierdeiskado te jaan dat er foar him kocht hat, set mei Molly ôf nei Schaumburg. As se dêr oankomme, docht bliken dat Thomas nei slutingstiid yn it mânske winkelsintrum behelle is yn in live action role-playing game (LARP) wêrby't de dielnimmers har foardogge as fampieren.

Harry fynt it hilarysk: in fampier dy't spilet dat er in fampier is, en hy pleaget Thomas dermei. Noch ear't er syn broer it kado jaan kin, ferskynt der yn it winkelsintrum lykwols in echte fampier fan it Swarte Hôf (in 'tradisjonele' bloedsûger à la greve Dracula). It docht bliken dat it om in Constance Bushnell giet, better bekend ûnder har fampierenamme Drulinda, dy't foarhinne diel útmakke fan 'e LARP-groep, mar in jier lyn op 'e siik gien is nei echte fampieren en dy ek fûn hat. Om't se har altyd bûtensletten field hat troch de oare leden fan 'e LARP-groep, en om't it hjoed har jierdei is, hat se besletten harsels de hiele LARP-groep as jierdeiskado te jaan, sa makket se oer de lûdsynstallaasje fan it winkelsintrum bekend. Se hat in oare fampier meinommen dy't de iennichste tagonklike út- en yngong fan 'e Woodfield Mall yn 'e rekken hâldt, en dêropta hat se de beide befeiligingsminsken, dy't tsjinst hiene yn it winkelsintrum, biten en ta fampier makke.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Harry jout Molly de opdracht om har katoen te hâlden, wylst hy mei de fampieren ôfweeft. De tillefoanen yn it winkelsintrum dogge it net mear en tsjoenders hawwe sa'n steurende ynfloed op technyk dat Harry gjin mobile tillefoan brûke kin, mar behalven de plysje hat Harry noch oare help dy't er ynroppe kin. It is nammentlik net de earste kear dat er yn 'e Woodfield Mall is. In jier as fiif earder is syn help ris ynroppen troch de eigner fan 'e skuonnesaak Shoegasm, dy't nei slutingstiid oanhâldend skuon kwytrekke út syn magazyn, sûnder dat der ynbrutsen wie. Doe't Harry him yn 'e saak ferdjippe, fûn er út dat der in famylje cobbs ("skuonmakkerkes") yn 'e winkel wenne, lytse ierdgeasten mei in foarleafde foar fuotark. Troch bemiddeling fan Harry koe der doe in oerienkomst sletten wurde tusken de winkeleigner en Keef en syn famylje, wêrby't de cobbs iten út 'e ferkeapautomaat helje mochten as se yn ruil dêrfoar stikkene skuon reparearje soene. Om't se neat leaver diene, wie dy ôfspraak gau makke, en neitiid ferdwûnen der nea wer skuon út it magazyn.

No freget Harry Keef-en-dy om help, yn ruil foar de skuon fan Molly en Sarah, ien fan 'e larpers. Ek biedt er oan om foar in diel fan Keef syn famylje, dy't troch útwreiding wat krap yn 'e romte kommen is te sitten, in nij wenstee te regeljen: in húshâlding mei âldelju en sân bern (it gesin fan Molly har heit en mem). De cobbs hawwe dêr wol earen nei en de wetterflugge wêzentsjes ferspriede har as de wjerljocht troch it winkelsintrum en binne yn minder as in minút werom. Se fertelle him dat der yn totaal fjouwer fampieren fan it Swarte Hôf binne, en wêr't dy har krekt befine. Dan brekke se foar Harry yn it kafetaria fan it winkelsintrum yn om knyflok te stellen. Keef liedt Harry nei in ûnderhâldstunnel dy't útkomt ûnder it parkearterrein. Sa kin Harry de fampier dy't bûtendoar de wacht hâldt, fan efteren beslûpe en mei tsjoenderij en knyflok út 'e wei romje. Ek de twadde fampier, dy't binnendoar fuort by de yngong stiet, kin er flot mei ôfweve om't er it ferrassingselemint hat. De earste fampier koe Harry op it parkearterrein stilwei ombringe, mar as er de twadde út 'e ljochten helpt, sloopt er dêrby mei-iens de hiele yntree fan it winkelsintrum.

Binnendoar kiest Thomas dat momint út, as Drulinda en har lêste trewant ôflaat binne, om oan te fallen. Hy smyt de trêde fampier út it gebou, dêr't Harry it wêzen mei fjoer besiket te ferdylgjen. Mar om't er toverstêf noch toverroede by him hat, kin er it fjoer net genôch konsintrearje, mei as gefolch dat er de fampier inkeld yn 'e brân stekt (en it winkelsintrum ek). Yn it gefjocht dat folget, rekket Harry ferwûne, mar Thomas komt him te help en weeft mei de trêde fampier ôf. Dan is allinnich Drulinda noch oer, dy't Thomas bûten gefjocht stelt. Se nimt ien fan 'e larpers yn gizeling en twingt Harry om him oer te jaan, mar as se deunby komt, blykt dat er himsels de mûle folstoppe hat mei knyflok, dat er dan yn har eagen spuit. Dêrnei is it in kâld keunstke om deun genôch by de no bline fampier te kommen om syn fjoerbetsjoening genôch te konsintrearjen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, It's My Birthday, Too, yn: Harris, Charlaine en Kelner, Toni L.P., (red.), Many Bloody Returns, New York, 2007 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 16 754.
  • Butcher, Jim, It's My Birthday, Too, yn: Butcher, Jim, Side Jobs, New York, 2010 (Roc Books), ISBN 0 45 14 63 65X.
The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases