It Iviron-kleaster (Georgysk: ივერთა მონასტერი; Gryksk: Μονή Ιβήρων) is in eastersk-otterdoksk kleaster yn de kleastersteat Atos yn Grikelân.

Iviron-kleaster

Μονή Ιβήρων

bouwurk
lokaasje
lân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Stifting 983
offisjele webside
inathos.gr

Skiednis bewurkje seksje

It kleaster waard tusken 980 en 983 boud foar georgyske preesters en muontsen, krekt efkes nei de bou fan it Grut Lavra en it Vatopedy-kleaster. Dat barde ûnder tafersjoch fan de twa georgyske muontsen Jehannes de Ibeariër en Tornike Eristavi. Iveron betsjut letterlik "fan de Ibeariërs". De namme fan it kleaster komt fan it âlde georgyse keninkryk Ibearje (Ivearje), dêr't de arsjitekt Jehannes wei kaam. Fan de hjoeddeiske bewenners fan it kleaster binne der gjint mear fan georgyske ôfkomst, de lêste georgyske muonts ferstoar yn de jierren 1950.

 
Panagia Portaitissa

Yn de 14e iuw hie de Iveron-kleaster slim te lijen fan Katalaanske piraten en foarstanners fan de uny mei de Tsjerke fan It Westen. Mei help fan de Byzantynske keizers en prinsen fan Servje en Georgje slagge it kleaster der hieltiten wer yn om de skea te ferhelpen.

De oan de ûntsliepenis fan de Teotokos wijde katolikon is yn de kearn 10e iuwsk. De tsjerke waard yn de 11e iuw ferboud en yn 1513 op 'e nij boud.

It Iviron-kleaster is it tredde kleaster yn de hiërargy fan de Atos-kleasters. De bibleteek besit 2.000 manuskripten, 15 liturgyske rollen en 20.000 boeken yn it Georgysk, Gryksk, Hebriuwsk en Latyn.

Wat it tal reliken oanbelanget hat it Iviron-kleaster mear reliken fan hilligen dan elts oar Atos-kleaster. Ek in ferneamd 9e iuwsk ikoan, de Panagia Portaitissa, wurdt ek yn it Iviron-kleaster bewarre.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Iviron