It Jûky (Ingelsk: Yuki of Ukiah; Jûky: Ukomno’m) is in útstoarne taal dy't sprutsen waard troch de Jûky, in lânseigen Yndiaanske etnyske groep út it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It taalgebiet fan it Jûky lei oarspronklik yn 'e krite fan 'e Ielrivier, mar waard letter beheind ta it Round Valley Yndianereservaat. De lêste memmetaalsprekker fan it Jûky kaam om 1990 hinne te ferstjerren. Oant 2007 ta waard der gjin war dien om 'e taal nij libben yn te blazen.

Jûky
algemien
oare namme(n) Yuki, Ukiah
eigen namme Ukomno’m
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers († ±1990)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Jûkiaansk
  ● Jûky
dialekten Noardlik Jûky, Kust-Jûky,
Hûtsjnom
taalkoades
ISO 639-3 yuk

Fan it Jûky wurdt yn 'e regel tocht dat it yn 'e fierte besibbe is oan it Wappo, in oare útstoarne taal út noardlik Kalifornje. Tegearre foarmje it Jûky en it Wappo de Jûkiaanske talen. It Jûky hie trije dialekten, te witten: it Noardlik Jûky of Round Valley-Jûky, it Kust-Jûky en it Hûtsjnom (Huchnom) of Clear Lake-Jûky. Dy dialekten ferskilden nochal wat, en al wiene se teminsten foar in diel ûnderling fersteanber, dochs wurde se troch guon taalkundigen as selsstannige talen beskôge.

Ien fan 'e meast opfallende skaaimerken fan it Jûky wie dat it in oktaal telsysteem hie (mei as basis it getal 8), yn tsjinstelling ta de measte oare talen fan 'e wrâld, dy't in desimaal telsysteem hawwe (mei as basis it getal 10). Dat kaam om't de Jûky net de tsien fingers telden, mar de acht romten tusken de fingers fan beide hannen yn. Fierders omfieme it Jûky ek in wiidweidige wurdskat foar de floara fan it heitelân fan 'e Jûky, it tsjintwurdige Mendocino County, yn noardlik Kalifornje.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.