Sir J.M. Barrie, 1e baronet (folút: James Matthew Barrie; Kirriemuir, 9 maaie 1860Londen, 19 juny 1937) wie in Skotsk berneboeke-, roman- en toanielskriuwer dy't it bekendst waard as de geastlike heit fan it wrâldferneamde personaazje Peter Pan. Hy waard berne en oplaat yn Skotlân, mar ferfear letter nei Ingelân, dêr't er yn Londen in stikmannich súksesfolle romans en toanielstikken skreau. Hy mette dêr ek it gesin Llewelyn Davies, wêrfan't de soannen him ynspirearren ta it skriuwen oer de magyske aventoeren fan in jonkje yn Kensington Gardens yn The Little White Bird. As ferfolch dêrop ûntstie yn 1904 Peter Pan, or The Boy Who Wouldn't Grow Up, in toanielstik oer in nea âlder wurdende jonge en in gewoan famke dat Wendy hjit, dy't aventoeren belibje op it magyske eilân Neverland.

J.M. Barrie
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme James Matthew Barrie
nasjonaliteit Britsk
berne 9 maaie 1860
berteplak Kirriemuir (Skotlân)
stoarn 19 juny 1937
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre berneboeken, toanielstikken,
romans
perioade Fiktoriaansk, Edwardiaansk
bekendste
  wurk(en)
The Little White Bird
Peter Pan
The Admirable Crichton
útjouwer Hodder & Stoughton
jierren aktyf 18871937
offisjele webside
n.f.t.

Dat stik wie sa populêr dat Barrie it yn 1911 omwurke ta de roman Peter and Wendy. Hoewol't er ek neitiid noch súksesfol wie as skriuwer, smiet Peter Pan in skaad oer al syn lettere wurk. It soe ek de famkesnamme Wendy popularisearre hawwe. Yn 1913 waard Barrie troch kening George V as baronet yn 'e adelstân ferheft. Hy wie troud mar hie gjin bern, hoewol't er de Llewelyn Davies-jonges nei it ferstjerren fan harren âldelju min ofte mear adoptearre. Foar syn dea joech er it auteursrjocht op alle Peter Pan-wurken wei oan it Bernesikehûs fan Great Ormond Street, dat der noch altyd fan profitearret.

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Barrie waard yn 1860 berne yn Kirriemuir, yn 'e Skotske krite Angus, as de soan fan David Barrie, in wever, en dy syn frou, Margaret Ogilvy, dy't al mei acht jier húsfrou wurden wie nei it ferstjerren fan har eigen mem. Hy wie it njoggende bern fan tsien, hoewol't twa fan 'e âldere bern al ferstoarn wiene ear't er te wrâld kaam. Barrie waard grutbrocht yn in konservatyf kalvinistysk fermidden. Doe't er seis jier wie, kaam syn âldere broer David, de leafling fan syn mem, op 'e dei foar syn fjirtjinde jierdei om by in ûngemak by it reedriden. Syn mem wie alhiel te lider slein, mar se putte treast út it feit dat har deade soan altyd in jonge bliuwe en nea grut wurde en har ferlitte soe.

Mei acht jier waard Barrie nei de Akademy fan Glasgow stjoerd, dêr't er op 'e noed wie fan syn âldste broer en suster Alexander en Mary Ann, dy't dêr allebeide les joegen. Twa jier letter kearde er werom nei hûs en learde er fierder oan 'e Akademy fan Forfar. Doe't er fjirtjin jier wie, waard er wer fuortstjoerd, diskear nei de Akademy fan Dumfries, dêr't er op 'e nij op 'e noed wie fan Alexander en Mary Ann. Barrie ûntjoech him ta in fersliner fan boeken en mocht benammen graach oer goedkeape pulpromantsjes en de wurken fan Robert Michael Ballantyne en James Fenimore Cooper. Mei oare learlingen rjochte er in toanielferiening op dy't it troch Barrie skreaune stik Bandelero the Bandit op 'e planken brocht. Dat late ta wat opskuor doe't it stik in predikant, dy't lid wie fan 'e ried fan tafersjoch fan 'e skoalle, yn it ferkearde kielsgat skeat om it ymmoreel wêze soe.

 
J.M. Barrie yn 1892.

Karriêre bewurkje seksje

Barrie wist al ier dat er skriuwer wurde woe, mar syn âldelju hiene it mar yn 'e holle dat er dûmny wurde moast. Op advys fan syn âldere broer Alexander ûnderhannele er mei heit en mem en wist er it kompromis te sluten dat er wol te studearjen gean soe, mar taalkunde ynstee fan teology. Hy folge syn stúdzje oan 'e Universiteit fan Edinburgh, dêr't er yn dy tiid teäter (keunstfoarm)kritiken skreau foar de Edinburgh Evening Courant. Yn 1882 studearre er ôf mei in mastergraad. Neitiid sollisitearre er nei in fakatuere dy't syn suster Mary Ann foar him fûn hie; sadwaande koed er oardel jier oan it wurk as sjoernalist by de Nottingham Journal yn it Ingelske Nottingham.

Nei't er weromkeard wie yn Kirriemuir, tsjinne Barrie in koart ferhaal yn by de St. James's Gazette, in Londenske krante, dat er skreaun hie op basis fan syn memme ferhalen oer it plak dêr't se opgroeid wie. Hy joech it plak de fiktive namme 'Thrums', en gie benammen yn op 'e 'Auld Lichts', in strange religieuze sekte dêr't syn beppe ea ris ta heard hie. De haadredakteur hie sa'n niget oan "dat Skotkse spul", dat Barrie úteinlik in hiele rige ferhalen skreau, dy't er neitiid omwurke ta syn trije earste romans: Auld Licht Idylls (1888), A Window in Thrums (1890) en The Little Minister (1891). Moderne literatuerkritisy binne oer it algemien negatyf oer dy iere wurken, dy't no benammen sjoen wurde as sentimintele en nostalgyske ôfskilderings fan in doarpsk Skotlân dat fier ôf stie fan 'e reäliteiten fan 'e njoggentjinde-iuwske yndustrialisaasje en urbanisaasje. Nettsjinsteande dat, of miskien wol krekt dêrom, wiene se doedestiden populêr genôch om 'e reputaasje fan Barrie as in súksesfol skriuwer te fêstigjen.

Underwilens hie Barrie Better Dead (1887) yn eigen behear publisearre, mar dat ferkocht net. Ek de duology Sentimental Tommy (1896) en Tommy and Grizel (1900), oer in jonge en letter jongeman dy't fêsthâldt oan bernlike fantasij mei in ûngelokkich ein, diene it net bêst. Underwilens rekke Barrie, dy't nei Londen ferfearn wie, almar mear op it teäter oriïntearre. Dat begûn mei in toanielstik dat in biografy fan 'e dichter Richard Savage wie, skreaun troch Barrie en H.B. Marriott Watson, dat lykwols mar ien kear opfierd waard en tige minne resinsjes krige fan 'e teäterkritisy. Fuort dêrnei brocht Barrie Ibsen's Ghost (1891) op 'e planken, in parody op 'e stikken Hedda Gabler en Gengangere ("Spûken") fan 'e Noarske toanielskriuwer Henrik Ibsen, dat it folle better die. Troch syn trêde toanielstik, Walker, London, út 1892, kaam Barrie yn 'e kunde mei de jonge aktrise Mary Ansell, mei wa't er op 9 july 1894 troude.

 
J.M. Barrie omtrint 1895.

Yn 1901 en 1902 hie Barrie ferskate súksessen efterinoar. It toanielstik Quality Street gie oer in respektabele, ferantwurdlike, âldere, ûntroude frou dy't har foardocht as har eigen flirterige muoikesizzer om 'e oandacht te winnen fan in eardere frijer dy't weromkeard is út 'e oarloch. The Admirable Crichton wie in troch de kritisy mei lof ûntfongen maatskippijkritysk stik oer in aristokratyske húshâlding en harren tsjinstfolk, wêrby't de ferhâldings omdraaid wurde nei't it hiele selskip skipbrek lit hat en fêst kommen is te sitten op in ûnbewenne eilân.

It personaazje Peter Pan, dat Barrie oant hjoed de dei ta bekendheid jaan soe, kaam foar it earst foar yn 'e roman The Little White Bird, dy't yn 1902 yn it Feriene Keninkryk útjûn waard troch Hodder & Stoughton en yn 'e Feriene Steaten itselde jiers noch as fúljeton ferskynde yn Scribner's Magazine. It boek gie oer de magyske aventoeren fan in jonkje yn it Londenske park Kensington Gardens. Bekender wie it ferfolch dêrop, it toanielstik Peter Pan, or The Boy Who Wouldn't Grow Up, oer in nea âlder wurdende jonge en it gewoane famke Wendy, dy't aventoeren belibje op it magyske eilân Neverland. It stik waard foar it earst opfierd yn Londen op 27 desimber 1904, en yntrodusearre de oant doe ta ûnbekende famkesnamme Wendy. Dy wie ynspirearre troch in jong famke út 'e kunde fan Barrie, in Margaret Henley, dy't de skriuwer "Friendy" neamde, mar de letter r noch net goed útsprekke koe, sadat it klonk as "fwendy". Yn 1911 wurke Barrie Peter Pan om ta de roman Peter and Wendy, dy't ek tige populêr wie.

Barrie hie nei Peter Pan noch in lange rige oare súksessen op it toaniel, wêrfan't in protte maatskippijkrityk befetten, mei't er trochgie mei in yntegrearjen fan syn persoanlike opfettings yn syn wurk. The Twelve Pound, út 1910, giet oer in frou dy't by har man wei giet sadree't se sels ynkommen generearje kin. Oare toanielstikken, lykas Dear Brutus (1917) en Mary Rose (1920), giene wer oer it nea ferâlderjende bern en parallelle wrâlden. Yn 1909 en 1911 wie Barrie fierders, yn 'e mande mei in stikmannich oare toanielskriuwers, behelle yn in beweging dy't besocht de Britske teätersensuer te beëinigjen. Fan 1919 oant 1922 tsjinne er as rektor fan 'e Universiteit fan St Andrews, yn Skotlân, en fan 1930 oant syn dea wied er kânselier fan 'e Universiteit fan Edinburgh. Syn lêste toanielstik wie The Boy David, út 1936, dat in dramatisearre werfertelling is fan it bibelske ferhaal fan kening Saul en de jonge David.

 
It wapen dat Barrie krige doe't er yn 1913 yn 'e adelstân ferheft waard.

Priveelibben bewurkje seksje

Houlik bewurkje seksje

Barrie kaam yn 1891 yn 'e kunde mei de Mary Ansell, nei't er syn freon Jerome K. Jerome frege hie oft dy ek in tsjeppe jonge aktrise koe om in rol yn syn toanielstik Walker, London te spyljen. Hja rekken befreone, en sy holp syn famyljeleden om him te fersoargjen doe't er yn 1893 en 1894 tige siik rekke. Barrie frege har om mei him te trouwen, en de brulloft fûn plak op 9 july 1894 yn syn berteplak Kirriemuir, koart nei't er wer opbettere wie. Nei't it skynt, waard harren houlik nea konsumearre, en yn elts gefal hiene se gjin bern.

Fan mids 1908 ôf hie Mary in ferhâlding mei de tweintich jier jongere Gilbert Cannan, dy't belutsen wie by Barrie syn krewearjen tsjin teätersensuer. Doe't Barrie dat yn july 1909 ûntdiek, easke er fan syn frou dat se de relaasje mei Cannan beëinigje soe, mar dat wegere se. Om in skandaal foar te kommen yn in tiid dat in skieding dêr noch oanlieding ta joech, bea Barrie har in skieding fan tafel en bêd oan as se mar net mear mei har minner omgie, mar ek dat wegere se. Dêrop frege Barrie in skieding oan op grûn fan oerhoer, dy't yn oktober 1909 syn beslach krige. Nettsjinsteande de beëiniging fan harren houlik en it feit dat er der op gjin inkele wize ta ferplichte wie, gie Barrie troch mei it finansjeel ûnderstypjen fan syn eks-frou, sels nei't se wertroud wie mei Cannan, troch har in jierjild ta te kennen. Dat lange er elts jier oan har oer by in besletten diner op harren troudei.

Gedoente mei de Llewelyn Davies' bewurkje seksje

Yn 1897 kaam Barrie yn 'e kunde mei it gesin Llewelyn Davies, dat neitiid in wichtige rol spile yn sawol syn literêre bestean as syn priveelibben. It gie om Arthur Llewelyn Davies (1863-1907), syn frou Sylvia (1866-1910) en harren fiif soannen George (1893-1915), John (ropnamme Jack; 1894-1959), Peter (1897-1960), Michael (1900-1921) en Nicholas (1903-1980). Hy trof de leden fan it gesin geregeldwei as er út te kuierjen gie yn Kensington Gardens, en groeide meitiid út ta in hûsfreon. It personaazje Peter Pan betocht er om George en Jack te fermeitsjen.

Nei it ferstjerren fan Arthur Llewelyn Davies rekke 'omke Jim', sa't de jonges him neamden, noch mear by it gesin belutsen, dat er fan dy tiid ôf finansjeel ûnderhold. Ek betelle er foar de stúdzjes fan 'e fiif jonges. (Mei it stik Peter Pan hied er mear as genôch fertsjinne om dat mooglik te meitsjen.) Nei de dea fan Sylvia, yn 1910, hold Barrie út dat hy en sy harren koart tefoaren ferlove hiene, mar út har testamint bliek dêr neat fan. Wol hie se dêryn har winsk fêstlizze litten dat "J.M.B." fâd oer har minderjierrige soannen wurde soe, yn 'e mande mei har mem Emma, har broer Guy du Maurier en Arthur syn broer Compton. Doe't er in pear moannen letter it testamint foar Sylvia har famylje oerskreau, bedreach Barrie de boel troch syn eigen namme op in oar plak yn te foegjen. Sylvia hie skreaun dat se woe dat Mary Hodgson, de bernejuffer, trochgean soe mei de deistige fersoarging fan 'e jonges, en dat Jenny (Hodgson har suster) har dêrby helpe moast. Barrie skreau ynstee fan "Jenny" lykwols "Jimmy" (d.w.s. himsels). Hy en Mary Hodgson koene net al te bêst, mar foarmen surrogaatâlden foar de jonges oant se folwoeksen wiene. De Llewelyn Davies-jonges dy't Barrie it neist wiene, stoaren allebeide jong. George sneuvele yn 1915 yn 'e Earste Wrâldoarloch, wylst Michael yn 1921 mei in oare studint ferdronk by in ûngemak yn 'e neite fan Oxford.

 
It grêf fan J.M. Barrie yn Kirriemuir.

Beskuldigings fan pedofily bewurkje seksje

Barrie ûnderhold ek freonskippen mei oare bern, sawol foar as nei't de Llewelyn Davies-jonges folwoeksen wurden wiene. Sadwaande foel him yn 'e moderne tiid al rillegau de fertinking fan pedofily ta. In oare boarne foar sokke spekulaasje is in passaazje yn syn roman The Little White Bird, wêryn't de protagonist in lyts jonkje helpt om him út te klaaien om op bêd, wêrnei't er op fersyk fan dat jonkje yn itselde bêd sliept. Tsjin soks waard lykwols yn 'e njoggentjinde en iere tweintichste iuw hiel oars oansjoen as no. Der bestiet gjin inkeld bewiis dat Barrie ea seksueel kontakt fan lykfol hokker soarte mei bern hie, en hy waard der yn syn eigen tiid ek hielendal net fan fertocht. Nico, de jongste fan 'e Llewelyn Davies-bruorren, liet him op dit mêd ris út, wêrby't er elts idee fan pedofily yn net mis te fersteane bewurdings nei it ryk fan 'e fabels ferwiisde, en sei dat er eins fermoede dat Barrie aseksueel wie, wat strike soe mei de geroften oer syn net-konsumearre houlik.

Ferheffing yn 'e adelstân bewurkje seksje

Barrie waard foar syn fertsjinsten op it mêd fan literatuer en teäter op 14 juny 1913 troch kening George V ferheft ta baronet. As ûnderdiel fan 'e New Year Honours, in Britske foarm fan 'e lintsjesrein, waard er fierders yn 1922 opnommen yn 'e Order of Merit.

Ferstjerren bewurkje seksje

Barrie kaam op 19 juny 1937 yn syn wenplak Londen yn 'e âlderdom fan 77 jier te ferstjerren oan longûntstekking. Hy waard te Kirriemuir begroeven by syn âlden en twa fan syn bruorren en susters. Syn bertehûs is no in museum ûnder behear fan 'e National Trust for Scotland. Hy liet it meastepart fan syn besittings nei oan syn sekretaresse Cynthia Asquith, minus skinkings oan 'e oerlibjende Llewelyn Davies-jonges en it jierjild oan syn eks-frou, dat bestindige waard oant har dea. Jierren earder, yn april 1929, hied er de rjochten op syn Peter Pan-wurken al ôfstien oan it Bernesikehûs fan Great Ormond Street yn Londen, dat der (foar wat it Feriene Keninkryk oangiet) noch altyd fan profitearret.

Wurk bewurkje seksje

Romans bewurkje seksje

  • 1887 – Better Dead
  • 1888 – Auld Licht Idylls
  • 1888 – When a Man's Single
  • 1889 – A Window in Thrums
  • 1890 – My Lady Nicotine (yn 1926 werpublisearre mei de ûndertitel A Study in Smoke)
  • 1891 – The Little Minister
  • 1896 – Sentimental Tommy: The Story of His Boyhood
  • 1900 – Tommy and Grizel
  • 1901 – The Boy Castaways of Black Lake Island
  • 1902 – The Little White Bird
  • 1903 – Little Mary
  • 1906 – Peter Pan in Kensington Gardens
  • 1908 – When Wendy Grew Up: An Afterthought (skreaun yn 1908, foar it earst publisearre yn 1957)
  • 1911 – Peter and Wendy
  • 1914 – The Legend of Leonora

Ferhalebondels bewurkje seksje

  • 1893 – A Powerful Drug and Other Stories
  • 1893 – A Lady's Shoe (mei de koarte ferhalen A Lady's Shoe en The Inconsiderate Waiter)
  • 1914 – Half Hours (befettet Panataloon, The Twelve-Pound Look, Rosalind en The Will)

Toanielstikken bewurkje seksje

  • 1891 – Richard Savage
  • 1891 – Ibsen's Ghost
  • 1892 – Walker, London
  • 1893 – A Tillyloss Scandal
  • 1893 – Two of Them
  • 1894 – Life in a Country Manse
  • 1896 – Margaret Ogilvy
  • 1898 – Jess
  • 1900 – The Wedding Guest
  • 1901 – Quality Street
  • 1902 – The Admirable Crichton
  • 1904 – Peter Pan, or The Boy Who Wouldn't Grow Up (foar it earst opfierd yn 1904; foar it earst publisearre yn 1928)
  • 1905 – Alice Sit-by-the-Fire
  • 1908 – What Every Woman Knows
  • 1913 – Half an Hour
  • 1914 – The Tragic Man
  • 1915 – The New Word
  • 1915 – Rosy Rapture
  • 1916 – A Kiss for Cinderella
  • 1916 – Real Thing at Last
  • 1916 – Shakespeare's Legacy
  • 1917 – A Strange Play
  • 1917 – Charwomen and the War (ek bekend as The Old Lady Shows Her Medals)
  • 1917 – Dear Brutus
  • 1918 – La Politesse
  • 1918 – Echoes of the War (in syklus fan fjouwer toanielstikken)
    • The New Word
    • The Old Lady Shows Her Medals
    • A Well-Remembered Voice
    • Barbara's Wedding
  • 1920 – Mary Rose
  • 1921 – The Twelve-Pound Look
  • 1925 – The Author
  • 1926 – Cricket
  • 1928 – Shall We Join the Ladies? (in syklus fan fjouwer toanielstikken)
    • Shall We Join the Ladies?
    • Half an Hour
    • Seven Women
    • Old Friends
  • 1930 – The Greenwood Hat
  • 1932 – Farewell Miss Julie Logan
  • 1936 – The Boy David
  • 2014 – The Earliest Plays of J.M. Barrie: Bandelero the Bandit, Bohemia and Caught Napping
  • 2017 – The Reconstruction of the Crime (mei E.V. Lucas, sûnder datum, foar it earst publisearre yn 2017)

Oare wurken bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.