Jacob Ernst Marcus

Jacob Ernst Marcus (Sint-Eustasius, 19 maart 1774 - Amsterdam, 2 oktober 1826 ) wie in Nederlânsk keunstner; hy wie graveur, tekener, etser, litograaf, keunstskilder, dosint en kopiïst.

Jacob Ernst Marcus
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 19 maart 1774
berteplak Sint-Eustasius
stoarn 2 oktober 1826
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as keunstner, dosint
medium gravuere, litografy, ets, ferve
offisjele webside
n.f.t.

Libben bewurkje seksje

Yn 1783 ferfear er mei syn heit nei Nederlân. Doe't dy yn 1784 kaam te fertsjerren waard Balthazar Ortt (1757-1824)[1] Marcus syn fâd. Oant sy tolfde jier siet er op in kostskoalle yn Abcoude. Dêrnei komt er by syn fâd yn 'e hûs dy't him op tekenles stjoerd by de doetiids bekende Steven Goblé (Amsterdam 1749 - Amsterdam 1799). Dy riede him oan om keunstner te wurden en soarge der foar dat er op syn 17e learling fan de bekende etser Reinier Vinkeles wurdt. Marcus bleau oant 1796 by him, wylst er ek lessen folge oan de Tekenakademy fan Amsterdam. Yn 1798 wint er in gouden earepriis yn de heechste klasse; letter krige er noch in gouden tinkpeinje fan it genoatskip Felix Meritis en in sulveren medalje fan de Ned. Húsh. Maatskippij yn Haarlim.

Yn 1820 waard yn Amsterdam de Akademy fan Byldzjende keunsten oprjochte en Marcus waard direkteur.

Wurk bewurkje seksje

Marcus waard fral bekend fan syn protte etsen, dy't er makke nei skilderijen fan âlde masters, mar ek fan eigen wurk. Tal fan boekyllustraasjes en portretten fan him binne publisearre. Fan 1807-1816 joech er Études-Gravées en Studie-Prentwerk út, in rige fan 106 etsen. Nei't er út de tiid rekke wie waarden dy mei in biografy fannijs útjûn.


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

---

  1. [http://www.biografischportaal.nl/en/persoon/52643976 Balthazar Ortt