Jacob Vredeman de Vries of Jacques Vredeman (Mechelen, 1558/1559 - Ljouwert, septimber 1621) sjongmaster, toankeunstner en muzykteoretikus yn Ljouwert. Hy wie in komponist út de Súdlike Nederlannen, en joech yn 1602 tolwe fillanellen yn it Frysk út.

Libben bewurkje seksje

 
Isagoge Musicæ, DAT IS Corte, perfecte ende grondighe Instructie vande Principale Musijcke

Vredeman krige syn muzikale oplieding yn Mechelen, dêr't er yn 1576 koarsjonger waard. Hy fêstige him yn 1588 yn Ljouwert as muzyklearaar. Om 1600 hinne de lieder fan it Collegium Musicorum, dêr't de leden fan troch him ûnderwiisd wurde yn de fokale en ynstrumintale muzyk. De skieding dêrtusken is noch net hielendal trochfierd. (lustich om singen ende speelen op verscheiden instrumenten). It wurk fan Vreeman moat yn dat ljocht besjoen wurde. Vredeman hat syn Súdnederlânske stimpel op it Ljouwerter muzyklibben setten. Wie ek foarsjonger yn de Grutte Tsjerke en muzyklearaar yn de Grutte- of Latynske Skoalle. Fan syn lieten is in oantal op Fryske teksten skreaun.

Wurken bewurkje seksje

Wurk bewurkje seksje

  • Musica Miscella á 4 e 5 voci (Amsterdam, 1603)
  • Isagoge Lusthof (1621)
  • Vilotte alla Napolitana á 4 voci (manuskript?)
  • Bruloftslieden met 4en (4 stimmen)
  • Music. fundamentboeck

De bondel ‘’Musica miscella o mescolanze di madrigali, canzoni, e villanelli in lingua Frisica a quatro & cinque voci” waard yn Frjentsjer útjûn troch Gillis van den Rade, dy 'ta de meast foaroansteande kalvinistyske útjouwers fan de stêd Antwerpen hearde; yn Fryslân wie hy steatsdrukker. De Fryske fillanellen skilderje it boerelibben mei mylde spot, en it Frysk is hjir noch gjin taal dy't mear earnstige lieten weardich achte waard. Pas mei de lieten fan Gysbert Japix wurdt it Frysk ek in taal foar earnstige minnepoëzij, politike sangen en psalmberimingen. Syn Isagoge musicae, dat is corte, perfecte instructie van de principale musycke, waard yn 1618 publisearre.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jan Willem Bonda - De meerstemmige Nederlandse liederen van de vijftiende en zestiende eeuw. Hilversum, Verloren, 1996. ISBN 90-6550-545-8
  • Tekst yn it ynlisboekje fan de cd Gysbert Japix, Lieten/Liederen, troch Camerata Trajectina, û.l.f. Louis Peter Grijp, Globe, 2003