Jacques Tichelaar

Jacques Tichelaar (It Hearrenfean, 2 jannewaris 1953) is in Fryske politikus. Yn 2005 wennet de politikus yn It Oranjewâld en wie fan 23 maaie 2002 oant 1 maaie 2009 ôf lid fan de Twadde Keamer foar de PvdA. Fan 1 maaie 2009 oant 1 maart 2017 wie hy Kommissaris fan de Keninginne fan Drinte.

Jacques Tichelaar
Algemien
Berne 2 jannewaris 1953
Berteplak It Hearrenfean
Partij PfdA
Titels Dr.h.c.
Politike funksjes
2002-2009 lid Twadde Keamer
2007-2008 fraksjefoarsitter
2009-2017 Kommissaris fan de Keninginne/Kening yn Drinte

Karriêre bewurkje seksje

Jacques Tichelaar makke 1973 syn havo-oplieding ôf yn It Hearrenfean. Dêrnei gie er nei de Pedagogyske Akademy yn dat plak. Dêrnei slagge hy foar Business administration oan de Kingston University yn it Feriene Keninkryk.

Fan 1976 oant 1989 fice-direkteur fan in basisskoalle, algemien siktaris fan it ABOP fan 1989 oant 1994. Oanslutend wie er foarsitter fan de AOB oant 1 juny 2002.

By de Twadde Keamerferkiezngs 2002 waard er keazen yn it parlemint. Hy hold him dwaande mei ûnderrjocht (beropsûnderrjocht en heger ûnderrjocht) en lânbou, natoerbehear en fiskerij. Hy wie ek foarsitter fan de fêste kommisje foar Finânsjes.

Yn jannewaris 2005 waard Tichelaar troch in 48-jierrige plakgenoat bedrige. Dy plakgenoat besocht troch it bedrygjen omtinken te krijen fan in útspraak fan de Hege Ried dy't yn it neidiel fan him wie. Tichelaar hie him ûnder dy driging helpe moatten. Dy man waard op 4 jannewaris oanholden.[1]

By de kabinetsfromaasje yn 2006/2007 wie Tichelaar de twadde man nei Wouter Bos. Fan 3 jannewaris 2007 ôf wie er oanwêzig by "temûke" ûnderhannelings yn bûtenpleats Lauswolt yn Beetstersweach, dy't laten ta it regearakkoart. Tichelaar waard dêrby keazen ta fraksjefoarsitter fan de PfdA yn de Twadde Keamer. Yn in ferkiezing ûnder keamerleden fan de PfdA fersloech er Aleid Wolfsen en Hans Spekman.

Nei't er yn jannewaris 2008 wat lêst fan 't hert hie en er in grutte bypassoperaasje ûndergean moast, wie er foar in lange skoft omreden refalidaasje net oanwêzich yn de Twadde Keamer. Ynearsten soe Tichelaar fannijs weromkomme mar op 16 april 2008 makke er buorkundich dat er besletten hei mei dy funksje op te hâlden. Tichelaar kaam yn 2008 werom as keamerlid. Hy waard as fraksjefoarsitter opfolge troch Mariëtte Hamer, dy't him as plakferfanger by syn sykte al ferfong.[2]

Op 14 maaie 2009 waard er as Kommissaris fan de Keninginne yn Drinte ynstallearre as opfolger fan de yn septimber 2008 ferstoarne partijgenoat Relus ter Beek.

Tichelaar kaam as KfdK yn 2013 en 2017 yn de problemen doe't er him bemuoide dêr't famyljeleden by belutsen wiene. Yn 2013 bemiddele er yn in skeel tusken de gemeente Coevorden en syn sweager. Yn 2017 kaam nei foaren dat er streekrjocht belutsen wie by it jaan fan in opdracht oan in skoansuster. It bliek dat er dêr ferskate kearen oer dy kwestje leagene hie. By in debat op 1 maart 2017 oer de twadde kwestje makke er buorkundich fuortendaliks ôf te treden.[3]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: