Jan Bons (Rotterdam, 2 april 1918 - Amsterdam, 22 novimber 2012) wie in grafysk foarmjouwer keunstskilder, byldhouwer en fersetsman.

Jan Bons
Jan Bons
Jan Bons
persoanlike bysûnderheden
oare namme Jan Bons
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 april 1918
berteplak Rotterdam
stoarn 22 novimber 2012
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
berop/amt grafysk foarmjouwer
aktyf as Keunstskilder,
byldhouwer,
fersetsman

Libben en wurk bewurkje seksje

Hy begûn syn oplieding yn 1934 oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende Keunsten yn De Haach omdat er tekenlearaar wurde woe. Hy krige les fan û.o. Schuitema en Kiljan, mar op oanrieden fan Paul Citroen giet hy yn 1937 nei de Nije Keunstskoalle yn Amsterdam. Dêr wurdt op in foar dy tiid fernijende oare wize lesjûn. Yn Amsterdam moetet Jan Bons syn lettere kollega's Otto Treumann en Benno Premsela. Fan Hajo Rose krijt er les yn it fak reklametekenjen.

Bons' drang nei frijheid past by syn libben en wurk yn en nei de oarloch. Hy ûntwikkelt in tige eigen 'byldzjende' typografy wêryn't de frije omgong mei de letter sintraal stiet. Skuorde en tekene letters en helder kleurgebrûk brûkt er in soad. Kleuren en letters skoot er krekt salang mei oant er tefreden is. Yn de Twadde Wrâldoarloch yllustrearde en printe Jan Bons klandestine útjeften, wêrûnder ferhalen fan Kafka. Ek ferfalske er mei oaren identiteitspapieren wêrby't syn fakmanskip goed fan pas kaam. Nei de oarloch waard hy troch Willem Sandberg fan it Steedlik Museum yn Amsterdam útnûge om mei te dwaan oan de tentoanstelling 'Weerbare democratie'. Sadwaande krige er kunde oan arsjitekt Gerrit Rietveld, wat resultearre yn in gearwurking oant de dea fan Rietveld yn 1964. Nei 1962 lei Bons him fral ta op teateraffysjes, ûnder oaren foar Toanielgroep De Appel en Toanielgroep Studio. Fan 1990 ôf ûntwerpt Jan Bons de affysjes foar it International Documentary Film Festival Amsterdam.

Jan Bons wie mearsidich keunstner: hy skildere, tekene, ûntwurp eksposysjes, makke bylden en grafyske ûntwerpen. Bons beskôge himsels net as in modernist, mar as in uterste yndividualist. Hy brûkt net ien styl, hantearret gjin ûntwerpprinsipes. Op de fraach hoe't hy op in idee komt antwurde hy yn 1952: 'Troch de oare ideeën wei te litten. De affysjes fan Jan Bons waarden in begryp. It boadskip waard mei ienfâldige middels yndringend brocht. Hy makke ûnder oare affysjes foar it International Documentary Festival (IDFA) en toanielgroep De Appel. De affysjes fan Jan Bons foar Toanielgroep De Appel binne skonken oan it Haachsk gemeente-argyf.

Dêrneist ûntwurp hy ek in soad boekomslaggen. Under de namme De Affiche Galerij wurke Jan Bons letter mei syn soan Jeroen. Bons ûntwurp ek in oantal jierren de relaasjekalinder fan Van Ommeren Tankvaart, dy't ferskeidene kearen de earste priis helle yn de Grafikus Kalinderwedstryd.
Postsegels dy't er ûntwurpen hat wienen de searje 'Moderne Keunst' (1988), H.N. Werkman (1995) en de 'Kombinearre Utjefte' út 1995 oer de Twadde Wrâldoarloch, de Befrijing en de Feriene Naasjes.

Jan Bons krige yn 2003 de Piet Zwart-priis foar syn affysjes dy't in soad te sjen wienen op strjitte. Op syn njoggentichste jierdei earde Keunsthal Rotterdam dizze 'éminence grise' fan de Nederlânske grafyske ûntwerpers mei in tentoanstelling fan njoggentich affysjes. Respekt foar it grafysk ûntwerpen as fak, kombinearre mei in grut gefoel foar kleur en nuânse en in fan natuere oanwêzige grutte fynsinnigens, jouwe Jan Bons in eigen plak tusken de grafyske ûntwerpers.

Underskiedingen bewurkje seksje

  • 1960 - Bêst Fersoarge Boek
  • 1962 - Bêst Fersoarge Boek
  • 1969 - H.N. Werkmanpriis
  • 1992 - Oeuvrepriis, Stifting Fûns foar de Byldzjende Keunsten Amsterdam
  • 1995 - Theateraffichepriis
  • 2003 - Piet Zwart Priis BNO

Tentoanstellingen bewurkje seksje

  • 1945 - Weerbare Democratie
  • 1969 - Oersjochtentoanstelling Werkmanprijs
  • 1975 - Jan Bons, affysjes
  • 1993 - Jan Bons en Benno Wissing
  • 90 affiches fan Jan Bons

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jan Bons - Ontwerpen in vrijheid, útjouwerij De Buitenkant (ISBN 978-90-76452-19-7) mei de dokumintêre fan Lex Reitsma en in biografy troch Paul Hefting. (DVD)
  • Kurt Löb - Paul Citroen en het Bauhaus. Herinneringen in woord en beeld door Paul Citroen, 1974, Utert