Jan Brander (Wergea, 1946) is in Fryske amateurhurdfytser, dy't sûnt april 2007 hâlder is fan it UCI wrâldoererekord foar sechtich-plussers (42,370 km).

Jan Brander

Brander is berne yn Wergea, mar groeide op yn Hilfertsom en letter Duerswâld (sûnt 1974 diel fan Wynjewâld). Hy is makeler yn Drachten en wennet tsjintwurdich yn Oerterp. Op sportyf mêd wie hy yn it earstoan aktyf as amateur-fuotballer, mar yn 1996, doe't hy fyftich jier wie, begûn hy mei hurdfytsen.

Hy wûn ûngefear 120 weiwedstriden en tiidritten en waard twa kear Nederlânsk kampioen tiidriden yn de kategory 50+. Brander die tsien kear mei oan it Nederlânsk Kampioenskip op de wei, wêrby't hy njoggen kear yn de top-10 einige. Yn april 2007 helle hy op de fytsbaan fan Alkmar it wrâldoererekord yn de kategory 60+ (42,370 km), wêrmei't hy teffens € 12.000 foar in goed doel ophelle.

Resultaten bewurkje seksje

  • 2005
  NED Kampioen Open NK Masters 50+
4e plak UCI WK Masters 50+ Time Trial
  • 2006
  NED Kampioen Open NK Masters 50+
2e NK Masters 50+
3e UCI WK Masters 50+ Time Trial
  • 2007
  Wrâldoererekord kategory 60+
2e UCI WK Masters 60+ Time Trial
  • 2008
  NED Kampioen Open NK Masters 60+
3e UCI WK Masters 60+ Time Trial
  • 2009
  NED Kampioen Open NK Masters 60+
9e UCI WK Masters 60+ Time Trial (lekriden)

Boarne bewurkje seksje