Jan Jakob Lodewijk ten Kate

Jan Jakob Lodewijk ten Kate (De Haach, 23 desimber 1819 - Amsterdam, 24 desimber 1889), dy't net troch elkoar helle wurde mei syn soan, de keunstskilder Jan Jacob Lodewijk ten Kate, wie in Nederlânsk dichter en dûmny.

Jan Jakob Lodewijk ten Kate troch Dirk Jurriaan Sluyter

Biografy bewurkje seksje

Ten Kate wie in soan fan de kommys by it ministearje fan Marine Jan Herman ten Kate en fan Johanna Henrietta Adriana de Witte van Haamstede. Hy groeide op yn syn berteplak De Haag, mei syn bruorren Mari en Herman, dy't bekende skilders wurde soene. Hy wie ynearsten kantoarklerk, mar waard dêrneist yn 1834, mei fjirtjin jier, lid fan it Haachske literêre selskip 'Oefening kweekt kennis', dat yn dat jier oprjochte wie troch ûnder oaren Samuel Johannes van den Bergh en W.J. van Zeggelen. Dêr krige er kunde oan de predikant en filantroop Ottho Gerhard Heldring, dy't ûnder de yndruk wie van de yntelliginsje en it dichttalint fan de jonge, waans earste bondel Gedichten al yn 1836 ferskynde. Heldring bea Ten Kate in plakje op syn souder oan, dêr't er him tariede koe op in akademyske stúdzje. Nei in jier wie er safier dat er him yn 1838 as studint teology ynskriuwe koe oan de Ryksuniversiteit Utert. Hy studearre yn 1843 ôf. Tegearre mei Anthony Winkler Prins rjochte er yn 1842 it berime literêre tydskrift Braga op, dêr't twa jiergongen fan ferskynden. Ten Kate wie predikant efterinoar op Marken en yn Almkerk, Middelburch en Amsterdam, dêr't er op 15 april 1860 troch de pleatslike predikant Tonco Modderman yn it amt befestige waard.

Op 7 maaie 1845 boaske er yn De Haach oan Johanna Sophia Waldorp, in dochter fan de skilder Antonie Waldorp. Harren soan wie de keunstskilder Jan Jacob Lodewijk ten Kate.

Ten Kate wie in tige produktyf dichter, dy't gjin muoite hie mei rymkjen. Syn bekendste gedicht is De schepping (1866), dêr't er yn besiket Bibelske en natuerwittenskiplike stânpunten mei inoar yn oerienstimming te bringen. Hy fertaalde ek bûtenlânske literatuer, ûnder mear Paradise Lost fan John Milton en yn 1879 de Faust fan Johann Wolfgang von Goethe.

J.J.L. ten Kate wurdt, mei Nicolaas Beets, Eliza Laurillard, Bernard ter Haar en J.P. Hasebroek, ta de "dominee-dichters" rekkene dy't de minsken dierber wiene fanwegen harren moralistyske poëzy en dêrom troch de Tachtigers (jonge literatoren as Willem Kloos en Frederik van Eeden) ferhune waarden. Hy waard lykas ek oare dûmny-dichters parodiearre troch Cornelis Paradijs (pseudonym fan Van Eeden) yn de bondel Grassprietjes of Liederen op het gebied van Deugd, Godsvrucht en Vaderland (1885).

Maar Goddank! zingt nu cantaten ...
Daar komt J.J.L. ten Kate!
Dankt den Heer met snarenspel
Voor Ten Kate J.J.L.
Dat is scheppen, dat is dichten,
Loven, lieven, steunen, stichten ...
Zing, ten Kate! zing uw lied!
God vergeet zijn dichter niet![1]

Ten Kate stoar yn 1889 yn Amsterdam. Syn gedichten waarden yn 1890-1891 útjûn yn tolve dielen.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fragmint út Predikantenlied ("Hulde aan onzen geestelijken stand") yn: Grassprietjes, Utjouwerij W. Versluys, Amsterdam (1916)