Jan Loman (Boalsert, 1918 - Beetstersweach, 13 novimber 2006) wie in byldzjend keunstner, dichter en yngenieur fan it Buro Ruilferkaveling fan it Kadaster yn Ljouwert en lânmjitter foar it kadaster fan Grins.

Libben en wurk bewurkje seksje

Jan Loman waard berne yn Boalsert, gie yn De Gordyk nei de legere skoalle en op It Hearrenfean nei de HBS. Hy koe goed tekenje en woe fan jongs ôf al keunstner wurde. Hy wie goed yn de eksakte fakken, dat op oanstean fan syn âlden, dy’t mienden dat der mei keunst gjin drûch brea te fertsjinjen wie, gie er nei de Technyske Hegeskoalle yn Delft en waard sivyl lânmjitter (1941). Ien fan syn dosinten wie Willem Schermerhorn, de heechlearaar lânmjitkunde en luchtkartearing dy’t nei de Twadde Wrâldkriich minister-presidint waard. Yn 1935 sjocht er wurk fan skilders fan de Haachske Skoalle en fan leden fan De Styl yn it Haachsk Gemeentemuseum en dat rekket him tige, benammen it wurk fan Piet Mondriaan en Theo van Doesburg.

Hy hat syn hiele wurksume libben, oant 1981, by it kadaster yn Nederlânsk-Ynje (Batavia, Sumatra en Timor, fan 1945 oant begjin 1949) en Nederlân wurke. Yn 1948 troude er mei Selma Sophie van Hutten, berne yn Balikpapan op Borneo.

As keunstner wie er autodidakt en leart er him ferskillende techniken oan: skilderjen, tekenjen, etse en seefdrukke. Hy wie sterk besibbe oan De Styl (kastkes, reliëfs) en mei it Materialisme (fotografy). Jan Loman wie ien fan de oprjochters en foarsitter fan de Grinzer keunstnersgroep NU, dêr't modern oriïntearre keunstners har ferienen. Lykas Jan van der Zee, Martin Tissing en Jo van Dijk. Loman makke ûnder mear haikû's (dy’t bondele binne ûnder de titel Navigator), kollaazjes, foto's en skilderijen.

Wie fan begjin ôf oan lid fan de Waadferiening en ûntwurp it bekende logo mei reade stip. Ek makke er it omkaft fan it periodyk "Waddenbulletin" fan dizze feriening. Die mei oan miljeuhappenings en - manifesten ( "Wadnu" ) mei de keunstnersgroep NU.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: