Jan Roos (artyst)

Jan Roos, artystenamme fan Jan de Roos (Oerterp, 23 novimber 1896Grins, 13 desimber 1979) wie in Grinslanner strjitartyst.

Jan Roos (maaie 1976, Heerestraat)
Optreden Jan Roos yn 1965 - SoundCloud - user9098731

Yn it tillefoanboek stie hy ûnder de namme Roos, J. de, sjonger, Ferlingde Nijstrjitte 16b. En dat wie fout, neffens him. Want it moast wêze: Grut sjonger, en fierder: Syn Eksellinsje Jan de Roos.

Jan Roos wie oant syn ferstjerren in begryp yn Grinslân en omkriten. Mei syn slipjas, hege hoed, keatlingen en medailjes koe men him rûnom tsjinkomme. Hy hie in gongelstôk dêr't hy syn strofen krêft mei bysette, djip troch de knibbels bûgjend om syn hege halen te aksintuerjen en yn ûnneifolchber fibrato. "Ik mei graach trilje", fertroude hy yn dy jierren in ferslachjouwer ta "En dat troch de knibbels gean, dat doch ik foar de reklame. As jo fan sokke bûgings meitsje moatte se wol sjen".

Jan Roos waard berne yn Oerterp. Nei in karriêre as lânarbeider dêr, waard hy skipsbouwer yn Wetterhuzen, dêrnei grûnwurker yn Ten Boer, dêr't hy Verdi en Beethoven neisong boppe de kroade. Dy song hy nei fan de radio. De boargemaster, sa sei er letter, hie him ûntdekt en doe waard hy keunstner mei in grutte K.

Jan Roos song op strjitte yn de stêd Grins, mar ek yn Grinslân. Dêr wêr't men him frege, dêr wie Jan. Rûnom krige hy medaljes dy't hy op syn slipjas meitôge, hoewol't hy yn lettere jierren wolris wat thúslitte moast, omdat hy te swier beladen wie. Ek Willem Duys ûntfong him yn syn populêre telefyzjeprogramma De Vuist, dêr't hy einlik allinnich mar fertelle woe oer wat er song. En sjongen fansels.

De mieningen oer syn kwaliteiten as sjonger wiene ferdield. Guon fûnen it neat, wer oaren seagen him as in kleurryk fenomeen. himsels fûn Jan tige goed. Guon minsken laken om him, mar dêr luts hy him neat fan oan, want hy hâlde fan syn sang.

Yn 1979 ferstoar hy nei in lang siikbêd yn de âldens fan 83 jier. De keatlingen dêr't er sa mâl mei wie hold er om doe't hy yn it sikehûs lei. Hy waard, mei dy keatlingen om, begroeven yn Oerterp. Mar in hantsjefol belangstellenden út Grinslân wie oanwêzich op it kâlde tsjerkhôf.

It Grinzer Museum krige yn oktober 2011 in gipsen holle fan de sjonger. It giet om in foarstúdzje fan in nea realisearre byld dat makke is troch keuntsner Jan Wagensfeld.

Keppeling om utens bewurkje seksje