Jan Sjouke Sipkema (Goor, 10 maart 1933 - Bentveld, 12 maaie 2008) wie in sportbestjoerder. Ald-foarsitter fan de Feriening De Fryske Alve Stêden. Hy late de reedridersorganisaasje fan 1985 - 1994.

Jan Sipkema yn 1985

Libbensrin bewurkje seksje

Nei in karriêre by de wegenbouwer Heijmans kaam Yr. Jan Sipkema werom nei Fryslân en waard hy yn 1982 beneamd ta haadyngenieurdirekteur fan de Provinsjale Wettersteat. Hy bleau dat oant 1 jannewaris 1993. Under syn lieding fierde hy in reorganisaasje troch, wat him net like maklik ôfgie.[1] Mar yn syn funksje koe hy ek farferbodden foar de alvestêdetoch ôfkundigje as de iisgong dêr reden ta joech. En as dat barde dan wienen alle rydleafhawwers yn Nederlân oeremis.

Alvestêdetocht bewurkje seksje

As rider bewurkje seksje

Jan Sipkema ried de Alvestêdetocht sels twa kear út as wedstriidrider. Yn 1954, op 3 febrewaris, kaam hy as 51e oer de einstreek en krige syn krúske. Ek oan de Tolfde Alvestêdetocht, op 18 jannewaris 1963, die hy mei. Hy ried de ekstreem swiere tocht út, mar hy krige gjin krúske, omt hy mear as oardel oere nei de winner, Reinier Paping, binnenkaam.

As foarsitter bewurkje seksje

Yn 1983 ward er bestjoerslid fan de Feriening de Friesche Elf Steden en yn 1985 waard hy foarsitter as opfolger fan Jan Kuperus. De feriening hie troch de sêfte winters al sûnt lange tiid gjin tocht mear útskreaun.
Mar op 18 febrewaris 1985 spruts hy de wyls legendaryske wurden It sil heve. Dat betsjutte dat der foar it earst sûnt 22 jier wer in Alvestêdetocht ferrriden wurde soe en wol op 21 febrewaris. Winner waaerd Evert van Benthem.

Under syn foarsitterskip waard de Tocht der tochten ek ferriden op 26 febrewaris 1986. Der ûntstie dat jier in konflikt, doe't kroanprins Willem Alexander sûnder meiwitten fan Jan Sipkema útnûge waard om de tocht ek te riden.

By syn ôfskied as foarsitter fan de feriening op 9 desimber 1994 waard hy beneamd ta offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau en ta earelid fan de feriening. Hy waard opfolge troch Henk Kroes.

De lêste jierren fan syn libben lijde hy oan de sykte fan Parkinson. Hy wie yn syn lêste libbensmoannen opnomd yn in ferpleechtehûs yn Noard-Hollân. Jan Sipkema ferstoar op 75-jierige leeftiid. Hy waard kremeard yn it Krematoarium Velsen yn Driehuis[2]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Jan Sipkema ferstoarn, Ljouwerter Krante, 13 maaie 2008
  2. Ferstjerrensadvertinsje Jan Sjouke Sipkema De Telegraaf, 15 maaie 2008