Jan Willem Bezemer

Jan Willem Bezemer (Pijnacker, 26 juny 1921 - Aldeberkeap, 3 oktober 2000) wie in Nederlânsk histoarikus en heechlearaar dy't him speasjaal talei op de Russyske skiednis. Hy wie tegearre mei Karel van het Reve oprjochter fan de Alexander Herzenstichting.

Jan Willem Bezemer
Jan Bezemer yn 1967
Jan Bezemer yn 1967
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 26 juny 1921
berteplak Pijnacker
stoarn 3 oktober 2000
stjerplak Aldeberkeap
wurkpaad
berop/amt Heechlearaar
aktyf as Histoarikus, publisist
bekendste
  wurk(en)
Geschiedenis van Rusland: van Rurik tot Brezjnev (1988)
Het einde van de Sovjetunie (1992)

Libben en wurk bewurkje seksje

Bezemer studearre Slavyske taal- en letterkunde by de slavist Bruno Becker. Yn 1945 moete er op dy syn kolleezje de lettere slavist en heechlearaar Karel van het Reve mei wa't er goefreon waard.[1] Hy promovearre yn 1956 op it proefskrift De Russische revolutie in westerse ogen. Hy waard, tegearre mei Karel van het Reve, meiwurker fan it Ruslân-Ynstitút (dat letter East-Jeropa Ynstitút hjitte soe) oan de Universiteit fan Amsterdam. Dêr leine se de grûnslach foar de foarming en katalogisearring fan de sammeling boeken en periodiken út en oer de Sowjet-Uny. Oan dat ynstitút folge Bezemer yn 1957 Bruno Becker op as heechlearaar-direkteur. Yn 1963 wie er yn Moskou Ruslân-korrespondint foar Het Parool.

Yn 1969 rjochten Karel van het Reve, Jan Willem Bezemer en de Amerikaanske politikolooch Peter Reddaway de Alexander Herzenstichting op.[2] De stichting waard ferneamd nei Alexander Herzen, de filosoof en publisist dy't yn 1853 in ûnôfhinklike Russyske útjouwerij stichte hie. Yn de ynlieding by de stúdzje Haalt de Sovjetunie 1984? (útjûn yn 1976 troch de Alexander Herzenstichting) fan Andrej Amalrik skreau Bezemer oer Amalrik: "Hy is de earste Russyske yntellektueel dy't nei lange jierren de stilte ferbrutsen hat om in ûnôfhinklike fyzje op it lot fan syn lân út de doeken te dwaan."[3] Bezemer gie yn 1986 mei emeritaat.

Fakpublikaasjes dy't him by in breder publyk bekend makken, binne: Geschiedenis van Rusland: van Rurik tot Brezjnev (1988) en Het einde van de Sovjetunie (1992).

Ferskaat bewurkje seksje

Yn de roman Twee minuten stilte fan Karel van het Reve, is it personaazje Peter Struve basearre op Jan Willem Bezemer.

Publikaasjes (in kar) bewurkje seksje

  • De Russische revolutie in westerse ogen (1956)
  • Geschiedenis van Rusland: van Rurik tot Brezjnev (1988)
  • Het einde van de Sovjetunie (1992)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarnen

  • Archief IISG (Jan Willem Bezemer)
  • J.W. Bezemer, 'Reve en de Sovjetunie', yn: Uren met Karel van het Reve. Liber Amicorum, Amsterdam: Van Oorschot 1991, s.32-41
  • Karel van het Reve, 'Apologie', Hollands Maandblad (1996) (In reaksje op it liber amicorum Uren met Karel van het Reve)

Noaten

  1. Sjoch: Taspraak fan J.W. Bezemer, yn: In memoriam. Toespraken bij de crematie van Karel van het Reve op 6 maart 1999 (exemplaar aanwezig bij de UB Leiden. Signatuur: 8697 F 30).
  2. Sjoch: Website Karel van het Reve.
  3. J.W. Bezemer, 'Ter Inleiding', in: A. Amalrik, Haalt de Sovjetunie 1984?, Utert: L.J. Veen 1984, s. 19.