Jan Jelte (Jan) Ykema (Harns,18 april 1963) is in Fryske âld-reedrider en hjoeddeis (2009) trainer by it APPM-reedridersteam.

Jan Ykema
sporter
Jan Ykema
Jan Ykema
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 18 april 1963
berteplak Harns
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel Langebaan, Sprint
trener Jillert Anema
O.S. Kelgery 1988
debút 1981
karriêre-ein 1989
wichtige prestaasjes
Sulver OS 1988 500 m.

Biografy bewurkje seksje

Ykema wie in súksesfol sprinter, mei oanlis foar de 500 en de 1000 meter. Syn topjierren wienen 1986-1989. Hy is wrâldferneamd wurden troch de "pikstart" (in sitaat fan Mart Smeets) by de 500 meter op de Olympyske Spullen fan 1988 yn Calgary, dêr't hy de sulveren medalje wûn. Syn tiid (36,76) wie geweldich, fral omdat oant dat momint syn persoanlike rekord stie op 37,42. Uwe-Jens Mey (DDR) wûn it goud mei in tiid fan 36,45.

Ykema wûn yn syn karriêre trije gouden, twa sulveren en trije brûnzen medaljes by wrâldbekerwedstriden. Hy waard trije kear Nederlânsk Kampioen Sprint en helle ek trije kear goud op de NK Ofstannen ( twa kear op de 1000 en ien kear op de 500 meter).

Oan de ein fan it seizoen 1988-1989 sette Ykema op 26-jierrige leeftyd in punt efter syn sportkarriêre. Hjirnei waard hy makelaar yn ûnreplik guod. Yn 2005 kaam hy nei bûten mei it ferhaal dat hy fyftjin jier lang ferslaafd west wie oan kokaïne. Wyls is hy al in tiid ôfkickt en jout hy gastlessen op middelbere skoallen oer syn ferslaving.[1]

Yn septimber 2008 waard bekend dat Ykema werom komt op de iisbaan en wol as begelieder fan de sprinters Jacques de Koning, Rhian Ket, Lars Elgersma en Yuri Solinger[2] [3].

Resultaten bewurkje seksje

jier NK Ofstannen NK Sprint Olympyske Spullen
1982  
1986  
1987  
1988   500m
  1000m
    500m
1989   500m
  1000m
 

Wrâldrekords bewurkje seksje

Nr. Ofstân Tiid Datum Baan
jr1 1000 m 1.17,78 30 jannewaris 1981 Davos
jr2 500 m 38,42 31 jannewaris 1981 Davos
jr3 1000 m 1.17,49 31 jannewaris 1981 Davos
jr4 sprint fjouwerkamp 155,935 31 jannewaris 1981 Davos

Fuotnoaten bewurkje seksje

  1. Friesch Dagblad, 2 oktober 2007
  2. Jan Ykema wordt schaatscoach NOS.nl, 9 septimber 2008
  3. Antal Crielaard Oud-schaatser Jan Ykema kickte af van drugsverslaving en is nu coach "Geweldig om weer nodig te zijn" yn Trouw, 17 septimber 2008, side 17

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: