Jan de Bray (Haarlim, om 1627 - Amsterdam, april 1697) wie in Nederlânsk keunstskilder. Hy wie in soan fan skilder en arsjitekt Salomon de Bray en yn Haarlim de opfolger fan Frans Hals. De dichter Jakob Westerbaen wie in omke fan him. Durk de Bray, syn broer, wie boekbiner, etser en houtfiker; Joazef de Bray lei him ta op it skilderjen fan blom- en fiskstillibbens. Harren suster Kornelia de Bray troude 1648 mei de keunstner Jan Lievens.

De Bray en de frou as Ulysses en Penelope
Jan de Bray (1663) It fersoargjen fan weesbern, Frans Hals Museum, Haarlim

Persoanlik libben bewurkje seksje

Der is net folle witten oer it libben fan Jan de Bray. De pest fan 1663 en 1664 hie grutte gefolgen foar de famylje. Jan de Bray wie ek ûnfertúnlik yn it houlik. Hy boaske mei Maria de Hees, mei Margaretha de Meyer en mei Victoria Maria Magdelana Stalpaert van der Wielen. Iderkear wie syn frou binnen twa jier ferstoarn.

Yn 1672 troude Jan de Bray mei Margaretha de Meijer, de widdo fan in Pommersk juwelier yn de Sint Antoniesbreestrjitte. De Bray wenne op de Bakennessergreft en hie in soan út it earder houlik. It pear troude yn de St. Anna, in Roomsk-Katolike skûltsjerke, dy't troch syn heit ûntwurpen wie. In jier letter waard hja mei in protte preal beïerdige yn de Grutte of Sint-Bavotsjerke. Syn tredde frou en soan stoaren yn 1680.

Wurk bewurkje seksje

Jan de Bray wie in skilder fan portretten en histoarjestikken. Hy is - mei Caesar fan Everdingen - de fertsjintwurdiger fan it Hollânsk klassisisme yn de skilderkeunst. Hy wie de grutte man fan it pleatslik Sint Lucasgilde en skildere trije skoarstienstikken foar it stedhûs fan Haarlim. Faaks wie er ek de arsjitekt fan de Mennistetsjerke yn Haarlim yn 1682. Yn 1688 levere hy plannen foar de swietwetterfoarsjenning fan Amsterdam yn 'e mande mei Nicolaes Witsen. 1689 waard er fallyt ferklearre en 1692 ferhuze er nei de Lindengracht yn de Jordaan.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarne bewurkje seksje

Moltke, G.W., 'Jan de Bray', in: Haerlem, Jaarboek 1937, p. 33-59.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan de Bray fan Wikimedia Commons.