In jarretank, eartiids ek wol jarrebak neamd, is in tank, dêr't boeren jarre op it lân ferspriede kinne. In jarretank kin troch in trekker lutsen wurde, dêr't de pompynrjochting troch in ôftakas fan de trekker ôf oandreaun wurd, of it kin in selsridende wein wêze. Yn Nederlân is it ferplichte dat der efter in jarretank in ynjekteur fêstige is, dat de jarre yn 'e grûn ynjektearret om ferflechtiging fan ammoniak en stankoerlêst tefoaren te kommen.

In jarretank
Selsridende jarretank
In slûfkoeterbedonger
Jarrebak yn de 19e iuw
Jarrebak fan hout (Switserlân)

Soarten bewurkje seksje

Fakuümtank bewurkje seksje

By in fakuümjarrepomp soarget de opboude luchtpomp foar de ûnderdruk, dy't nedich is yn de tank, om de jarre op te sûgen en ûnder druk te fersprieden. De hoemannichte jarre dy't opfolle wurd, hinget ôf fan de opfierhichte, de tsjokkens fan de dong, de wjerstân yn de oansûchlieding en de fakuümhichte yn de tank. De ûnderdruk is ornaris 0,8 bar mei in oansûchslang mei in diameter fan sa'n seis tommen (15,2 sm). Foar tsjokkere dong is in slang fan acht tommen nedich. Der is in trekkerfermogen nedich fan op syn minst 7,35 kW (10 hk) de 1000 liter tankynhâld.

Pomptankwein bewurkje seksje

Pomptankweinen hawwe almeast in wjirm- of draaisûgerpomp en yn guon gefallen in sintrifugaalpomp. Om fluch wurkje te kinnen kiest men gauris foar selsoansûgende ferkringerpompen.

Wjirmpomp bewurkje seksje

In wjirmpomp bestiet út in rotor, dy't in wjirmeftige foarm hat en rûndraait yn in holle stator fan rubber of keunststof. Ofhinklik fan it materiaal dêr't de stator fan makke is, kin in wjirmpomp in druk fan 5 oant 15 bar leverje. Hoe hurder it ferwulftmateriaal, hoe heger de druk wêze kin, mar wurdt mear gefoelich foar steuring troch hurd en skerp fersmoargjend guod yn de dong. Wjirmpompen kinne fan 30 oant 500 m³ pompe.

Draaisûgerpomp bewurkje seksje

In draaisûgerpomp is in selsoansûgende ferkringerpomp mei twa foarinoaroer draaiende achtfoarmige rotors. De hoemannichte hinget ôf fan it tal en de diameter fan de rotors en fariearret fan 10 oant 450 m³ yn de oere.
Draaisûgerpompen binne kreksa as wjirmpompen gefoeliger foar hurde en skerpe foarwerpen yn de dong en kâns op drûchrinnen. Wichtige foardielen fan de pomp is de hege druk (om 12 bar hinne) mei reedlik bytsje oandriuwfermogen, lykwichtige pompopbringst by hege tsjindruk by alle dongsoarten en de ferskate gebrûksmooglikheden.

Sintrifugaalpomp bewurkje seksje

Op pomptankweinen wurde mar in bytsje sintrifugaalpompen brûkt, om't dy net selsoansûgend binne. Yn kombinaasje mei in fakuümpomp foar it foljen fan in tank, kin in sintrifugaalpomp in goede mooglikheid wêze. Dy pomp tsjinnet derfoar om de dong ûnder hegere druk (2 oant 3 bar) te fersprieden. Dat jout in bettere ferdieling. Sintrifugaalpompen besteane út in pomphûs, dêryn't in waaier mei hege gong yn draait en de dong fuortsmyt. Ofhingjend fan de type fariearret de druk fan 1 oant 10 bar. As de tsjindruk heger wurdt, nimt de kapasiteit ôf en nimt it fermogen ta. De hoemannichte te pompen dong fan sintrifugaalpompen fariearret fan 50 oant 500 m³ yn de oere.[1]

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: