Jean-Jacques Dony

Jean-Jacques Dony (Luik, 24 febrewaris 1759Bois-l'Évêque, 6 novimber 1819) wie in Belgysk útfiner en yndustrieel.

Jean-Jacques Dony

Dony betocht in prosedee foar de yndustriële produksje fan suver sink. Hy krige yn 1806 per keizerlik dekreet it eksploitaasjemonopoalje fan de sinkminen fan Moresnet yn de provinsje Luik. De myn bleau yn 't wurk oant de ein fan de 19e iuw.

Ut de eksploitaasje fan Moresnet ûntstie letter de machtige fennoatskip fan de Vieille Montagne, dy't syn aktiviteiten ta it bûtenlân útwreide hat, ûnder oare yn Frankryk, Dútslân en Sweden (Zinkgruvan). De Société de la Vieille Montagne waard yn 1989 opnaam yn de groep Union Minière, dy't sûnt 2001 de namme Umicore hat.

Jean-Jacques Dony stoar betreklik earm yn 1819. François-Dominique Mosselman, dy't it bedriuw oernaam, betelle in rinte oan syn widdo en soan.