Jehannes de Dopertsjerke (Raard)

De Jehannes de Dopertsjerke is in tsjerkegebou yn Raard yn de Nederlânske provinsje Fryslân.

Jehannes de Dopertsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Raard
adres De Buorren 8
koördinaten 53° 19' N 5° 56' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Jehannes de Doper
status Sûnt 1988 net mear yn gebrûk as tsjerke, no atelier
Arsjitektuer
boujier 13e iuw, toer: 1807
restauraasjes: 1807, 1978
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38730
Kaart
Jehannes de Dopertsjerke (Fryslân)
Jehannes de Dopertsjerke

Skiednis bewurkje seksje

 
Ynterieur (1943)

De tsjerke wie oarspronklik wijd oan Johannes de Doper en eigendom fan it kleaster Klaarkamp. It skip is fan reade kleastermoppen.

Fan de ienbeukige tsjerke mei trijesidige koarsluting en rûnbôgefinsters út de 13e iuw binne nei alle gedachten yn 1807 de muorren ferlege.

Nei't de toer fan de Hallumer tsjerke ynstoartte, waard yn 1807 de toer fan Raard op 'e nij boud. Yn de toer mei ynsnuorre spits hinget in klok (1523) fan klokkejitter Wolter Schonenborch en in klok (1620) fan Hans Falck. It smei-izeren oerwurk is nei alle gedachten 18e-iuwsk.

De tsjerke is al yn 1988 sletten foar de earetsjinst. De PKN-gemeente Raard-Foudgum brûkte de Foudgumer Marijetsjerke en de (earder grifformearde) Raarder Marthatsjerke. Sûnt 1 septimber 2019 ferhiert de stifting de tsjerke as atelier oan in keunstner.[1]

De tsjerke is in ryksmonumint en eigendom fan Stichting Alde Fryske Tsjerken. Oant 2018 wie it OerKa Irene Verbeek Museum yn it gebou festige.

Oargel bewurkje seksje

De tsjerke hat gjin oargel (mear).

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: