Jehanneskleaster (Sint-Petersburch)

It Sint-Jehanneskleaster (Russysk: Иоанновский монастырь; transl. Ioannovsky Monastyr) yn Sint-Petersburch is in stauropegiaal kleaster fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. It kleaster stiet oan 'e kaai fan 'e Karpovka-rivier en waard stifte troch Jehannes fan Kronstadt en ferneamd nei dy syn patroanhillige, de muonts Jehannes fan Rila. Yn 'e kleastertsjerke is it grêf fan Jehannes fan Kronstadt.

Jehanneskleaster
Иоанновский монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
adres Naberezjnaja Reki Karpovki 45
koördinaten 59° 58' N 30° 18' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1900
oprjochter Jehannes fan Kronstadt
opheffing 1923
weriepening 1989
Ynformaasje bou
arsjitekt Nikolai Nikonov
boujier 1900-1908
boustyl Neo-byzantynske arsjitektuer
monumintnûmer 781520358010005
Webside
imonspb.ru
Kaart
Jehanneskleaster (Sint-Petersburch-Sintrum)
Jehanneskleaster

It kleaster is yn neo-byzantynske styl neffens in ûntwerp fan 'e diosesane arsjitekt Nikolai Nikonov boud..

Bouskiednis bewurkje seksje

It kleaster waard stifte fanút it troch Jehannes fan Kronstadt stifte nonnekleaster yn syn bertedoarp Soera. Ynearsten wie it doel dat it dêr in úthôf fan bliuwe soe, mar it kleaster waard te grut om allinne mar in úthôf te wêzen. Op 8 maaie 1900 waard it ynwijd en yn 1901 waard it in selsstannich kleaster.

 
De nonnen fan it kleaster mei de Russyske dwaalmuonts Vasili de Bleatsfoetse (1911).

De oan Jehannes fan Rila wijde benedentsjerke waard op 17 jannewaris 1901 ynwijd troch Jehannes fan Kronstadt, wylst de oan 'e Tolve Apostels wijde boppetsjerke op 17 novimber 1902 ynwijd waard troch metropolyt Antonius, mei as ko-selebrant Jehannes fan Kronstadt.

Tusken 1903 en 1908 waard it fiif ferdjippings hege kleaster boud mei in sikehûs, in weeshûs en wurkromtes. Ek waard der in grêftsjerke oanlein, dêr't in dei nei de wijing Jehannes fan Kronstadt yn in wyt moarmeren grêf byset waard. Pylgers besochten it grêf fan 'e preester en der waard al gau tynge dien fan wûnderlike genêzings, allinne al yn 1909 wiene der tolve.

Yn 'e Earste Wrâldkriich iepene it kleaster in sikehûs foar ferwûne soldaten.

Sovjettiid bewurkje seksje

It kleaster waard yn 1923 yn opdracht fan 'e autoriteiten sletten. Hast alle nonnen waarden ferballe nei finzenissen en kampen. De gebouwen waarden oerdroegen oan ferskillende sekuliere organisaasjes.

Weriepening bewurkje seksje

Yn 1989 waarden de gebouwen werom jûn oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. It kleaster hie yn 'e rin fan 'e tiid mear as 20 ferskillende organisaasjes ûnderbrocht en de oarspronklike struktuer wie folsein feroare. Om it ynterieur te rekonstruearjen moasten muorren, tuskenflierren, doarren ensafuorthinne útbrutsen wurde. Stadichoan waard it hiele kleaster, ynklusyf de tsjerken, wer yn 'e oarspronklike steat werom brocht.

Tagelyk mei it herstel fan 'e gebouwen begûn ek de weroplibbing fan it kleasterlibben. Sûnt patriarch Aleksius II op 12 juli 1991 de Tsjerke fan 'e Tolve Apostels wijde, wurde der wer alle dagen tsjerketsjinsten holden. Yn 1992 krige it kleaster de status fan stauropegiaal en fanôf dat stuit falt it kleaster direkt ûnder it gesach fan 'e patriarch fan Moskou en hiel Ruslân.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: