Jennifer Westhoven

Jennifer Westhoven (yn Nij-Jersey, 16 augustus 1971) is in Amerikaansk sjoernaliste en ferslachjouster fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Nederlânsk etnysk komôf. Hja is bekend wurden mei har wurk foar de ynternasjonale nijsstjoerder CNN. Westhoven wurket no foar de oan CNN liëarre Amerikaanske nijsstjoerder HLN.

Jennifer Westhoven
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jennifer Westhoven
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 16 augustus 1971
berteplak ? (Nij-Jersey)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, ferslachjouster,
nijslêzeresse
medium tillefyzje
wurksum by HLN, CNN
jierren aktyf 1993 – no
offisjele webside
Jennifer Westhoven op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Westhoven waard yn 1971 berne yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey, en groeide dêr op yn it plak Cranford. Hja studearre skiednis en politikology oan it Bryn Mawr Kolleezje yn Bryn Mawr (Pennsylvania), en rûne dy opliedings ôf mei twa bachelortitels. Fan 1993 oant 2000 wie se wurksum by it ynternasjonale parseburo Reuters.

Karriêre bewurkje seksje

Yn 2000 kaam Westhoven foar CNN te wurkjen, dêr't se úteinsette by it kanaal CNNfn, dat bestie fan 1995 oant 2004 en him útslutend talei op it bringen fan finansjeel nijs. Letter droech se ek geregeldwei by as ferslachjouster oan programma's op CNN International en CNN USA. Westhoven hat har spesjalisearre yn ûnderwerpen oangeande de ekonomy, sakenijs, persoanlike finânsjes, belestings en oare kwestjes dy't mei jild te krijen hawwe. Dêrby berjochte se de earste jierren út New York wei, gauris fanôf de Newyorkske Effektebeurs, mar no is se stasjonearre op it CNN-haadkertier yn Atlanta.

Sûnt 2006 is Westhoven yn 'e tsjinst fan 'e Amerikaanske nasjonale nijsstjoerder HLN, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e CNN-organisaasje en foarhinne bekendstie as CNN Headline News. Dêr stalt se in fêst segmint gear yn it programma Morning Express (foarhinne HLN Morning Show), dat presintearre wurdt troch Robin Meade. Westhoven har segmint hjit Your Money, en wurdt moarns ferskillende kearen live útstjoerd. Fierders wurket Westhoven ek geregeldwei mei oan it programma fan Clark Howard, dat HLN yn 'e wykeinen útstjoerd. Dêrnjonken is Westhoven yn 'e wykeinen op HLN ynfalster foar de fêste nijslêzeressen.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.