Jerobeäm II fan Israel

Jerobeäm II (Hebriuwsk: ירבעם, Gryksk: Ιεροβοάμ; Latynsk: Jeroboam) folge yn it jier ±786 f.Kr. Joäsj op as kening fan it Noardryk Israel en regearde oant ±746 f.Kr. oer it lân.

Jeroboam II

Om't Syrje, dat grutte dielen fan Israel ferovere hie, yn ferfal wie, slagge it Jerobeäm II om de âlde grinzen fan Israel te herstellen en sels noch út te wreidzjen. Under it regear fan Jerobeäm makke Israel in tiidrek mei fan rêst en bloei. De profeten Hoséa, Amos en Jona warskôgen lykwols tsjin de ûnseedlikens, de goddeleazens en de sosjale misstannen en ûngelikensens.

Krekt as oare keningen fan Israel folge Jerobeäm net de wei fan de God fan Israel. De Skrift skriuwt dat hy net "ôfwykte fan de sûnden, dêr't Jerobeäm, de soan fan Nebat, Israel ta brocht hie".[1]

De profeet Amos foarsei dat Jerobeäm II mei it swurd ombrocht wurde soe.[2] Nei syn dea folge syn soan Sekarja him op as kening.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Keningen 14:23-29
  2. Amos 7:9