Jerry Stiller (folút: Gerald Isaac Stiller; New York, 8 juny 1927 – dêre, 11 maaie 2020) wie in Amerikaansk komyk en akteur, dy't it earste diel fan syn karriêre wurke as de iene helte fan it duo Stiller en Meara. De oare helte wie syn frou, Anne Meara, mei wa't er mear as sechstich jier troud wie en mei wa't er twa bern krige, ûnder wa de akteur Ben Stiller. Doe't er al op jierren begûn te reitsjen, makke Stiller in comeback dy't yn 1993 begûn mei syn weromkearende rol as Frank, de heit fan George Costanza yn 'e komeedzjesearje Seinfeld. Neitiid krige er ien fan 'e haadrollen as de eksintrike Arthur Spooner yn 'e komeedzjesearje King of Queens.

Jerry Stiller
akteur
Jerry Stiller yn 2005
Jerry Stiller yn 2005
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerald Isaac Stiller
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 juny 1927
berteplak New York (New York)
stoarn 11 maaie 2020
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Joadsk
reg. identiteit Asjkenazysk
jierren aktyf 19542020
offisjele webside
Jerry Stiller op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Stiller waard yn 1927 berne yn it Unity Hospital yn 'e New Yorkske borough Brooklyn, as de âldste fan fjouwer bern yn 'e húshâlding fan William Stiller (1896-1999), in bussjauffeur, en dy syn frou Bella Citron (1902-1954). Hy wie fan etnysk Joadsk komôf; syn pake en beppe oan heitekant wiene Joadske ymmigranten út Galysje (doe ûnderdiel fan Eastenryk-Hongarije, no yn 'e westlike Oekraïne), wylst syn mem sels yn Poalen berne wie.

Stiller groeide op yn 'e wiken Williamsburg en East New York, foar't syn âlden har nei wenjen setten yn 'e Lower East Side fan Manhattan, dêr't Stiller fuortset ûnderwiis folge oan 'e Seward Park High School. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinne Stiller as soldaat yn it Amerikaanske Leger. Nei syn weromkear yn 'e Feriene Steaten studearre er oan 'e Universiteit fan Syracuse yn Syracuse (New York), dêr't er yn 1950 in bachelortitel behelle yn spraak en drama. Yn 1953 kaam Stiller yn 'e kunde mei de aktrise en komediënne Anne Meara, mei wa't er yn 1954 troude.

Karriêre bewurkje seksje

Stiller makke yn 1953 syn debút as akteur yn in opfiering fan it toanielstik Coriolanus fan Shakespeare yn it Phoenix Theater op Broadway. Hy spile yn 'e 1950-er jierren yn ferskate oare foarstellings op Broadway, wêrûnder The Golden Apple ((1954), Diary of a Scoundrel (1956), The Power and the Glory (1958) en twa oare stikken fan Shakespeare: Measure for Measure en The Taming of the Shrew (beide yn 1957). Yn 1956 makke Stiller syn debút op 'e tillefyzje yn 'e searje Studio One in Hollywood, en yn 1970 wied er foar it earst op it wite doek te sjen yn 'e film Lovers and Other Strangers.

Ein jierren '50 stelde Stiller oan syn frou Anne Meara foar om komeedzje te dwaan. Se joegen har earst by it toanielselskip The Compass Players, mar giene al rillegau tegearre fierder as it komysk duo Stiller en Meara. Yn 1961 spilen se yn 'e meast foaroansteande nachtklubs yn New York, en in jier letter waarden se troch The New York Times omskreaun as "in nasjonaal fenomeen". Se hiene de hiele 1960-er jierren troch grut súkses, wêrby't se ek in soad te gast wiene yn tillefyzjeprogramma's, benammen The Ed Sullivan Show.

Yn 1970 holden Stiller en Meara op mei live optredens doe't harren gearwurking sa stroef waard dat harren houlik yn gefaar kaam. Neitiid begûnen se in nije karriêre mei it meitsjen fan reklamespotsjes foar de radio, wêrûnder in kampanje foar wyn fan it merk Blue Nun. Fan 1977 oant 1978 hiene se ek in eigen, yn syndikaasje útstjoerd radioprogramma mei sketchen fan fiif minuten, dat Take Five with Stiller and Meara hiet. Fan 1979 oant 1982 presintearren se ien kear yn 'e moanne op 'e tillefyzje HBO Sneak Previews, wêryn't se nije tillefyzjeprogramma's en films oankundigen. Yn 1986 hiene se fierders in eigen komeedzjesearje, The Stiller and Meara Show, dy't lykwols mar in koart libben beskern wie.

 
Jerry Stiller mei Anne Meara.

Yn 1993 makke Stiller mei 66 jier in comeback yn 'e útsûnderlik populêre komeedzjesearje Seinfeld, mei in weromkearende rol as de opljeppende driftkikkert Frank Costanza, de heit fan ien fan 'e haadpersoanen, George Costanza (spile troch Jason Alexander). Hy spile dy rol yn 26 ôfleverings, oant de searje yn 1998 úteinlik stopsetten waard. Stiller krige rûnom lof taswaaid foar syn aktearjen, en waard yn 1997 nominearre foar in Emmy Award foar bêste gastrol yn in komeedzjesearje. Hy wûn der yn 1998 in American Comedy Award foar. Itselde jiers dat der in ein kaam oan Seinfeld, waard Stiller troch Kevin James frege foar in fêste rol yn syn nije komeedzjesearje King of Queens. Hy woe dat Stiller, dy't eins oan pinsjonearring tocht, de rol fan Arthur Spooner op him naam, de eksintrike skoanheit fan syn eigen personaazje Doug Heffernan. Stiller biet ta en spile tsien seizoenen lang yn King of Queens, oant de searje yn 2007 einige.

Stiller wurke ek gauris gear mei syn soan Ben, û.m. yn 'e films Zoolander, Hot Pursuit, The Heartbreak Kid en Zoolander 2. Hy hie in cameo yn 'e komeedzjefilm Anchorman: The Legend of Ron Burgundy (2004), en gastrollen yn tillefyzjesearjes as L.A. Law (1993), In the Heat of the Night (1994), The Larry Sanders Show (1998), Sex and the City (2003) en The Good Wife (2011). Fierders wurke Stiller ek as stimakteur, lykas yn The Lion King 1½ (2004) en Planes: Fire and Rescue (2014), en fersoarge er voice-overs. Hy waard yn 2007 nominearre foar in Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn 'e film Hairspray.

Priveelibben bewurkje seksje

Stiller wie mear as sechstich jier troud mei Anne Meara, dy't er foar it earst mette yn it kantoar fan in casting director. Harren houlik duorre fan 1954 oant it ferstjerren fan Meara op 23 maaie 2015. Mei har krige Stiller twa bern: in dochter, aktrise Amy Stiller (1961) en in soan, akteur Ben Stiller (1965). Yn 2001 skreau Stiller in autobiografy mei de titel Married to Laughter: A Love Story Featuring Anne Meara. Dêrfoar waard er yn 2001 nominearre foar in Grammy Award foar it bêste lústerboek. Hy skreau yn 2005 ek it wurd foarôf fan it boek Festivus: The Holiday for the Rest of Us, fan Allen Salkin, oer de fiktive hjeldei Festivus, dy't syn personaazje Frank Costanza yn Seinfeld betocht hie. Yn 2007 ûntfongen Stiller en Meara tegearre in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.

Ferstjerren bewurkje seksje

Jerry Stiller kaam op 11 maaie 2020 thús yn 'e Upper West Side fan Manhattan yn 'e âlderdom fan 92 jier te ferstjerren oan natuerlike deadsoarsaken.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1956 Studio One in Hollywood sersjant Joe Capriotti gastrol; 1 ôfl.
1957 Studio One in Hollywood Hugh gastrol; 1 ôfl.
1957 The Big Story Tyler gastrol; ôfl. The Hoax
1959 Armstrong Circle Theatre soldaat Elwood Johnson gastrol; ôfl. Thunder Over Berlin
1962 The Defenders sersjant Wysenski gastrol; ôfl. The Empty Chute
1962 General Electric Theater Harold gastrol; ôfl. Acres and Pains
1964 Brenner Chris Zelco gastrol; ôfl. The Plain Truth
1964–1965 Linus the Lionhearted ? weromkearende rol; 3 ôfl.
1966–1978 The Mike Douglas Show n.f.t. as komyk; 40 ôfl.
1967–1973 The Tonight Show Starring Johnny Carson n.f.t. as komyk; 14 ôfl.
1969 That's Life himsels gastrol; ôfl. Our First Fight
1971 The Courtship of Eddie's Father dhr. Landon gastrol; 1 ôfl.
1971 Love, American Style Leonard Ferguson gastrol; 1 ôfl.
1972 The Courtship of Eddie's Father Paul Sterling gastrol; 1 ôfl.
1972 The Carol Burnett Show himsels gastrol; ôfl. #6.8
1972–1973 The Paul Lynde Show Barney Dickerson weromkearende rol; 4 ôfl.
1973 Love, American Style Harry gastrol; 1 ôfl.
1975–1976 Joe and Sons Gus Duzik weromkearende rol; 14 ôfl.
1976 Phyllis Burt Hillman gastrol; ôfl. Phyllis and the Jumper
1976 Rhoda Lloyd Zimmer gastrol; ôfl. A Touch of Classy
1979 Time Express Edward Chernoff gastrol; ôfl. Garbage Man/Doctor's Wife
1979 The Love Boat Harlan Weatherly gastrol; 1 ôfl.
1981 The Love Boat Tony Vitelli gastrol; 1 ôfl.
1983 The Love Boat Bud Hanrahan gastrol; 1 ôfl.
1980–1982 Archie Bunker's Place Carmine weromkearende rol; 2 ôfl.
1981 Madame X Burt Orland tillefyzjefilm
1981 Hart to Hart Myron Finkle gastrol; ôfl. Murder Takes a Bow
1981 Private Benjamin sersjant Muldoon gastrol; ôfl. So Long, Sergeant Ross
1982 Simon & Simon Harold Traxler gastrol; ôfl. The Uncivil Servant
1982 Alice Gordy gastrol; ôfl. Do You Take This Waitress
1983 Reading Rainbow Dinosaur Comic gastrol; ôfl. Digging Up Dinosaurs
1983 Amanda's Sal gastrol; ôfl. You Were Meant for Me
1983 The Other Woman Mel Binns tillefyzjefilm
1984 Trapper John, M.D. Artie Merrow gastrol; ôfl. Where There's a Will
1985 The Equalizer Brahms gastrol; ôfl. Pilot
1985 Tales from the Darkside Luther Mandrake gastrol; ôfl. The Devil's Advocate
1986 Screen Two Marty de Reske gastrol; ôfl. The McGuffin
1987 Saturday Night Live Stu tillefyzjeprogramma mei komyske sketches; ôfl. Charlton Heston/Wynton Marsalis
1988–1989 Tattingers Sid Wilbur weromkearende rol; 14 ôfl.
1989 Murder, She Wrote resjersjeur Birnbaum gastrol; ôfl. When The Fat Lady Sings
1990 Monsters Victor gastrol; ôfl. One Wolf's Family
1990 Sweet 15 Waterman tillefyzjefilm
1991 American Playhouse Sam gastrol; 1 ôfl.
1991 Women & Men 2 Irving tillefyzjefilm
1991 American Playhouse Seymour Shapir gastrol; 1 ôfl.
1992 Law & Order Michael Tobis gastrol; 1 ôfl.
1993–1998 Seinfeld Frank Costanza weromkearende rol; 26 ôfl.
nom. Emmy Award foar treflike gastrol yn in komeedzjesearje
1993 L.A. Law Nat Pincus gastrol; ôfl. Rhyme and Punishment
1994 In the Heat of the Night rabbyn Feldman gastrol; ôfl. The Rabbi
1995 Homicide: Life on the Street McGonnigal gastrol; ôfl. In Search of Crimes Past
1996 Deadly Games Phil Cullen gastrol; ôfl. Dr. Kramer
1996 Law & Order Sam Pokras gastrol; 1 ôfl.
1997 Subway Stories âldman tillefyzjefilm
1998 Touched by an Angel Maury Salt gastrol; ôfl. Cry and You Cry Alone
1998 The Larry Sanders Show himsels gastrol; ôfl. I Buried Sid
1998 Hercules earn as stimakteur; gastrol; ôfl. Hercules and the Promethus Affair
1998–2007 The King of Queens Arthur Spooner fêste rol; 195 ôfl.
2000–2002 Teacher's Pet Pretty Boy as stimakteur; weromkearende rol; 11 ôfl.
2003 Odd Job Jack Jim McDonald gastrol; ôfl. A Candidacy of Dunces
2003 Sex and the City dhr. Brady gastrol; ôfl. One
2009 Wonder Pets! âlde wite mûs as stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl.
2009 Mercy Joe Thalberg gastrol; ôfl. The Last Thing I Said Was
2010 Ice Dreams Skipper tillefyzjefilm
2010–2011 Fish Hooks rektor Stickler as stimakteur; weromkearende rol; 21 ôfl.
2011 The Good Wife rjochter Felix Afterman gastrol; ôfl. Silver Bullet
2014 How Murray Saved Christmas Murray Weiner as stimakteur; tillefyzjefilm
2016 Zoolander: Super Model Maury Ballstein as stimakteur; tillefyzjefilm
films
1970 Lovers and Other Strangers Jim net fermeld op ôftiteling
1974 The Taking of Pelham One Two Three resjersjeur Rico Patrone
1974 Airport 1975 Sam
1976 The Ritz Carmine Vespucci
1977 Nasty Habits P.R. Priest
1980 Those Lips, Those Eyes dhr. Shoemaker
1986 Seize the Day dokter Tamkin
1987 Hot Pursuit Victor Honeywell
1987 Nadine Raymond Escobar
1988 Hairspray Wilbur Turnblad
1989 That's Adequate Sid Lane
1990 Little Vegas Sam
1992 Highway to Hell plysjeman oan buro
1992 Freefall Emily har heit koarte film
1993 The Pickle Phil Hirsch
1995 Heavyweights Harvey Bushkin
1997 Die Story von Monty Spinnerratz professor Plumpingham
1997 Camp Stories Schlomo
1997 Stag Ted
1997 The Deli Petey Cheesecake
1999 A Fish in the Bathtub Sam Kaplan
1999 Secret of the Andes dr. Golfisch
1999 The Suburbans Speedo Silverburg
2000 The Independent Monty Fineman
2000 My 5 Wives Don Giovani
2000 Chump Change kolonel
2001 Zoolander Maury Ballstein
2001 On the Line Nathan
2002 Serving Sara Milton de plysjeman
2004 Teacher's Pet Pretty Boy as stimakteur
2004 The Lion King 1½ omke Max as stimakteur
2004 Anchorman: The Legend of Ron Burgundy man yn kafee cameo; net fermeld op ôftiteling
2005 R30: 30th Anniversary World Tour himsels
2007 Hairspray dhr. Pinky nom. Screen Actors Guild Award foar treflike cast yn in film
2007 The Heartbreak Kid Doc
2008 Snakes & Arrows Live Heidi
2011 Swinging with the Finkels dhr. Winters
2012 Foodfight! generaal X as stimakteur
2012 Excuse Me for Living Morty
2014 Planes: Fire & Rescue Harvey as stimakteur
2016 Zoolander 2 Maury Ballstein

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.