Jams Thurston "Jim" Nabors (Sylacauga, Alabama, 12 juny 1930Honolulu, 30 novimber 2017) wie in Amerikaansk akteur, komyk en sjonger.

Nabors, 1 novimber 2013
Andy Griffith, Don Knotts en Jim Nabors yn de The Andy Griffith Show (1963).
Barbara McNair en Jim Nabors yn it tf-programma The Jim Nabors Hour (1970).

Biografy bewurkje seksje

Jim Nabors studearre oan de Universiteit fan Alabama. Nettsjinsteande syn hege stim yn de rol fan Gomer Pyle hie die in bariton sjongstim dat de minsken tige fernuver doe't er begûn te sjongen.

Nabors wie ek in populêre gast yn fariëteeshows op de telefyzje yn de jierren 60 en 70. Hy hie sels ek twa shows, The Jim Nabors Hour út 1969 en The Jim Nabors Show út 1978. Hy hie ek in gastoptreden yn The Muppet Show en yn de alderearste ôflevering fan The Carol Burnett Show. Carol Burnett, in goede freon fan him, frege him dêrnei alve jier lang foar de earste seizoensôflevering. Beide hiene ek fakânsjehûskes yn Hawaï.

Yn de jierren tachtich spile er mei yn in stik as wat films fan Burt Reynolds, wêrûnder The Best Little Whorehouse in Texas (1982). Fan 1997 oant 2006 trede er op yn de show "A Merry Christmas with Friends and Nabors" dy't elts jier yn Hawaï wie.

Nei jierren fan ôfnimmende sûnens troch Hepatitis B krige Nabors yn 1994 in levertransplantaasje. Hy trede út en troch noch wol op, mar bleau leaver op syn plantaazje yn Hawaï, dêr't er tropyske blommen kweekte, Macadamia.

Yn 1991 krige er in stjer op de Hollywood Walk of Fame en yn 2001 waard er opnaam yn de Alabama Music Hall of Fame. Jim Nabors stoar yn de âldens fan 87 jier yn syn hûs yn Honolulu.[1]

Priveelibben bewurkje seksje

Nabors hie al 38 jier lang in ferhâlding mei Stan Cadwallader doe't sy op 15 jannewaris 2013 oan elkoar boasken. Dat wie in moanne nei de legalisearring fan it homohoulik yn de steat Washington

Diskografy bewurkje seksje

Albums bewurkje seksje

  • Shazam
  • Jim Nabors Sings
  • By Request
  • The Things I Love
  • Jim Nabors Christmas Album. Gold
  • Kiss Me Goodbye
  • Jim Nabors Sings The Lord's Prayer Gold
  • Galveston
  • The Jim Nabors Hour
  • Everything is Beautiful
  • Somewhere My Love
  • Jim Nabors, For The Good Times
  • How Great Thou Art
  • Help Me Make It Through The Night
  • Jim Nabors / The Way Of Love
  • The Man of La Mancha
  • Jim Nabors / The Twelfth of Never
  • Old Time Religion
  • Jim Nabors Sings Love Me With All Your Heart Gold
  • Christmas Again
  • The Heart Touching Magic Of Jim Nabors Platinum
  • 16 Most Requested Songs
  • Best Of Jim Nabors
  • Precious Memories
  • Songs Of Inspiration
  • Christmas With Jim Nabors
  • Magic Moods
  • Favorite Hymns
  • Hymns and Country
  • Sincerely / Town And Country
  • Oh Boy, More Christmas Songs
  • The Country Side Of Jim Nabors
  • The Golden Voice Of Jim Nabors
  • When He Spoke

Singles bewurkje seksje

  • God Bless America
  • I'll Begin Again / Louisiana Lady
  • Love Me With All Your Heart
  • Tomorrow Never Comes / It's My Life
  • I Was A King At Jesus' Birth/O Holy Night
  • It's My Life / Young Hearts, Young Hands
  • Impossible Dream / Time After Time
  • I Must Have Been Out Of My Mind / To Give
  • White Christmas / In A Humble Place
  • You Know You Don't Want Me / It Hurts To Say Goodbye
  • You're Gonna Hear From Me
  • Love Me With All Your Heart / Rock a Bye Baby With A Dixie Melody
  • You Don't Have To Say You Love Me
  • Shazam / Old Blue
  • The End (At the End of the Rainbow) / It Won't Hurt To Try Again

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jim Nabors, TV’s Gomer Pyle and Singer, Dies at 87, Variety.com, 30 novimber 2017.