James Patrick Page OBE, (Heston, Middelseks 9 jannewaris 1944) is in Ingelsk gitarist. Hy waard benammen bekend as de gitarist en oprjochter fan Led Zeppelin. Page waard twa kear opnommen yn de Rock and Roll Hall of Fame; yn 1992 as lid fan The Yardbirds en yn 1995 as lid fan Led Zeppelin.

Jimmy Page
sjonger en/of muzikant
Jimmy Page yn 2013
Jimmy Page yn 2013
persoanlike bysûnderheden
echte namme James Patrick Page
nasjonaliteit Britsk
berne 9 jannewaris 1944
berteplak Heston
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenre Hardrock,
Rock,
Blues
ynstrumint Gitaar
grutste hit(s) Stairway to Heaven,
Whole Lotta Love
jierren aktyf 1961 - No

Karriêre bewurkje seksje

 
Jimmy Page yn 1973

Jimmy Page begûn as tolve jierrige mei gitaarspyljen. In jier letter naam Page diel oan in troch de BBC organisearre talintejacht. Letter ferliet Page de oplieding ta laboratoariumassistint om fulltime muzikant te wurden. Nei in pear jier toeren mei The Crusaders, in band van sjonger Neil Christian, moast er as gefolch fan de Sykte fan Pfeiffer mei it toeren ophâlde en gie er wer werom nei skoalle dizze kear in oplieding oan in keunstakademy. Yn syn stúdzjetiid kaam Page faak op yn de Marquee Club yn de Londenske útgeanswyk West End. Hy hie dêr optredens mei de gitaristen Jeff Beck en Eric Clapton, mei wa 't er doe befreone wie. Mike Leander, doetiids producer by de Ingelske platemaatskippij Decca Records, bea Page wurk oan as sesjemuzikant. As sesjemuzikant wurke Page ûnder oare foar de Ingelske bands The Who en The Kinks. Yn 1965 waard Page ynhierd troch doetiidsk Rolling Stones manager Andrew Loog Oldham, as producer en haad fan de ôfdieling A&R fan syn krekt oprjochte platelabel Immediate Records. Hoewol't Page gearwurke hat mei ferskate renommearre artysten binne in soad fan dizze iere opnamen allinnich beskikber as bootlegs wêrfan't der, troch de Ingelske Led Zeppelin fanclub, yn de rin fan de jierren ferskate útbrocht binne. Page hold op as sesjemuzikant doe 't de ynfloed fan platelabel Stax Records late ta mear gebrûk fan blaas-en orkestpartijen binnen de popmuzyk ta skea fan gitaarmuzyk.

The Yardbirds (1966–1968) bewurkje seksje

Yn it hjerst fan 1964 waard Page frege om gitarist Eric Clapton te ferfangen yn de Ingelske rockband The Yardbirds, mar hy wiisde it foarstel ôf út loyaliteit oan syn freon. Yn febrewaris 1965 stapte Clapton sels op en Page krige wer it oanbod om him te ferfangen, mar hy wie net ree om syn doe noch lukrative bestean as sesjemuzikant op te jaan. Yn 1966 besocht Page in konsert fan The Yardbirds yn Oxford. Nei it optreden socht er de band op en kundige mei-oprjochter en bassist Paul Samwell-Smith syn fuortgean oan. Page bea himsels oan as ferfanger en dat waard troch de oare leden fan de band akseptearre. Ynearsten spile er noch bas, mar al gau skeakele er oer nei it spyljen fan gitaar, tegearre mei Beck, nei 't gitarist Chris Dreja oerstapt wie op basgitaar. Nei it fuortgean fan sjonger Keith Relf en drummer Jim McCarty yn july 1968 siet Page mei in probleem. Hy moast in nije band foarmje om oan de ferplichtingen foldwaan te kinnen foar in al boekte konserttoer yn Skandinaavje. Bassist Chris Dreja gie net yn op Page syn foarstel om diel út te meitsjen fan de nije band en stoarte him op in karriêre as fotograaf. Op oanrieden fan sjonger Terry Reid naam er sjonger Robert Plant yn de earm, dy't op syn beurt drummer John Bonham oanrette. Bassist John Paul Jones bea himsels oan by Page, de twa koene inoar fan ferskate mienskiplike studiosesjes. De nije band gong nei Skandinavië as The New Yardbirds.

Led Zeppelin (1968-1980) bewurkje seksje

Koart nei weromkomst fan út Skandinaavje fan The New Yardbirds waard de namme feroare; ynearsten yn Lead Zeppelin. Manager Peter Grant feroare it úteinlik yn Led Zeppelin om foar te kommen dat de namme ferkeard útsprutsen wurde soe (Leed Zeppelin). Led Zeppelin wurdt sjoen as ien fan de grûnlizzers fan de hardrock. It typyske lûd fan Led Zeppelin wie benammen it resultaat fan Page's ynfloed as produsint en muzikant. Hoewol't de band altyd kommersjeel suksesfol bleau namen de muzikale aktiviteiten en live-optredens yn de perioade 1971-1979 bot ôf troch yndividuele problemen fan de bandleden. Yn 1980 ferstoar drummer John Bonham. Trije moanne dêrnei waard de band opheft. Mei Led Zeppelin had Jimmy Page acht studio-albums útbrocht.

De jierren nei Led Zeppelin bewurkje seksje

 
Jimmy Page yn 1983

De earste tiid nei it ferstjerren fan drummer Bonham wegere Page noch in gitaar oan te reitsjen. Letter bestie syn wurk benammen út koarte gearwurkingen mei oare rockbands, reünys en it skriuwen fan soundtracks. Ek waard er aktyf yn filantropysk wurk. De earste kear dat Page nei de dea fan Bonham it poadium beklom wie by in konsert fan Nick Beck maart 1981. Yn 1981 besocht ek er tegearre mei bassist Chris Squire en drummer Alan White fan de Ingelske rockband Yes in nije band op te rjochtsjen ûnder de namme XYZ (eX-Yes-Zeppelin). Nei in pear studiosesjes en in demo-opname mei fjouwer nûmers, waard dit projekt alwer rap beëinige. Yn 1983 trede Page op tidens it ARMS (Action Research for Multiple sclerose) Benefytkonsert yn Londen. Dit wie in rige konserten ta eare fan de Ingelske bassist, en lid fan de Ingelske rockband Small Faces, Ronnie Lane dy't dizze sykte hie. Hjirnei folge ek noch in ARMS toernee yn Amearika Mei John Paul Jones naam er yn 1984 de muzyk op foar de film Scream for Help. Yn itselde jier naam hy tegearre mei Robert Plant as The Honeydrippers, it album The Honeydrippers: Volume One op. Yn 1988 ferskynde Outrider, it earste en oant no ta iennichste soloalbum fan Page. Robert Plant fersoarge de sang op it nûmer The Only One. Yn ruil dêrfoar wurke Page mei oan twa nûmers op Plants soloalbum Now and Zen, dat ek yn 1988 útkaam. Page, Plant en Jones treden ek op by it Atlantic Records 40th Anniversary konsert op 14 maaie 1988, wêrby't Jason Bonham it plak efter it drumstel ynnaam fan syn yn 1980 ferstoarne heit. Yn 2005 waard Page beneamd ta offisier yn de Oarder fan it Britske Ryk (OBE), as erkenning foar syn ynset foar it Action for Brazil's Children Trust (ABC Trust) en de stifting Task Brasil. Op 24 augustus 2008, by de slutingsseremoanje fan de Olympyske Spelen yn Peking, spile Page in oanpaste ferzje fan it nûmer Whole Lotta Love, tegearre mei de Ingelske sjongeres Leona Lewis.

Priveelibben bewurkje seksje

Page waard berne yn Heston, Middelseks, Ingelân, as soan fan in personiels foaroanman yn in fabryk foar keunststofcoatings, en in doktersassistinte. Jimmy Page had ferskate langere relaasjes hân en hat fjouwer bêrn. Jimmy Page had yn de jierren 70 in skoftke harddrugs brûkt, mar wist dêr yn de iere jierren 80 alwer fan ôf te kommen. Page syn ynteresse yn it okkulte begûn as fyftjinjierrige skoaljonge. Yn it begjin fan de santiger jierren hie Page in okkulte boekhannel en útjouwerij yn Londen.

Diskografy bewurkje seksje

Albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Band Single(s)
Led Zeppelin 12 jannewaris 1969 Led Zeppelin Good Times Bad Times
Led Zeppelin II 22 oktober 1969 Whole Lotta Love
Led Zeppelin III 5 oktober 1970 Immigrant Song
Sûnder titel
Led Zeppelin IV
8 novimber 1971 Black Dog,
Rock and Roll
Houses of the Holy 28 maart 1973 Over the Hills and Far Away,
D'yer Mak'er"
Physical Graffiti 24 febrewaris 1975 Trampled Under Foot
Presence 31 maart 1976 Candy Store Rock
In Through the Out Door 15 augustus 1979 Fool in the Rain
Outrider 19 juny 1988 Jimmy Page