Jissy Johanna Margatha (Jissy) de Wolf (Snits, 3 maart 1972), is in earder Frysk roeister. Se fertsjintwurdige Nederlân op ferskeidene grutte ynternasjionale wedstriden. Ienkear hat se meidien oan de Olympyske Spullen, dêr wûn hja gjin medalje.

Jissy de Wolf
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 3 maart 1972
berteplak Snits
sportive ynformaasje
sport roeien
ûnderdiel Acht
O.S. Atlanta 1996

Op de Olympyske Spullen fan 1996 yn Atlanta makke hja op 24-jierrige leeftyd har Olympysk debút by it roeien. Hja wie stjoerfrou op it roeiûnderdiel acht mei stjoerfrou. De roeiwedstriden waarden hâlden op Lake Lanier, 88 kilometer noard-eastlik fan Atlanta. Fia de eliminaasjes (6.32,71) en de wedstriid om de twadde kâns (6.08,85) pleatste de Nederlânske roeiploech har foar de finale. Mei in tiid fan 6.31,11 kaam de Nederlânske ploech as sechsde oer de streek. De finale waard wûn troch de Romeenske ploech, dy't yn 6.19,73 oer de streek kaam.

By it Wrâldkampioenskip yn 1995 waard in brûnzen medalje helle troch de ploech acht mei stjoerfrou, mei in tiid fan 6.54,25.

De Wolf studearre sosjale geografy en wie oansletten by studintenroeiferiening Gyas yn Grins.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: