Joadske Autonome Oblast

De Joadske Autonome Oblast (JAO; Russysk: Евре́йская автоно́мная о́бласть, Yevreyskaya avtonomnaya oblast; Jiddysk: ייִדישע אװטאָנאָמע געגנט, yidishe avtonome gegnt; [jɪdɪʃɛ avtɔnɔmɛ ɡɛɡnt]) is ien fan de dielgebieten fan Ruslân yn it Russyske Fiere Easten. It grinzget oan de oblast Amoer yn it noardwesten, oan de kraj Chabarovsk yn it noarden en it easten en oan Sina yn it suden en westen. Foar 1934 wie it part fan de kraj Chabarovsk. Sûnt 7 maaie 1934 is it in autonome oblast. De haadstêd is Birobidzjan.

Joadske Autonome oblast
Еврейская автономная область
ייִדישע אװטאָנאָמע געגנט

Joadske Autonome Oblast yn Ruslân
flagge wapen
sifers
soarte gebiet Autonome oblast
ynwennertal 162.014 (rûzing 2018)
oerflak 36.000 km2
befolkingstichtens 4,9/km2
polityk
lân flagge fan Ruslân Ruslân
federaal distrikt Fiere Easten
ekonomyske regio Fiere Easten
haadplak Birobidzjan
grutste plak Birobidzjan
bestjoer Regionaal Parlemint fan de JAO
gûverneur Rostislav Goldshteyn
oar
offisjele taal Russysk, Jiddysk
stifting 7 maaie 1934
tiidsône UTC +10
koördinaten 48° 36' NB, 132° 12' EL
nûmerboerd 79
webside http://www.eao.ru/

Neffens kêst 65 fan de Grûnwet fan de Russyske Federaasje is de JAO de iennige autonome oblast yn Ruslân. It is ien fan twa gebieten yn de wrâld mei in offisjele Joadske status. De oare is Israel.

Skiednis bewurkje seksje

Eftergrûn bewurkje seksje

Yn 1858 waard it gebiet noardlik fan de rivier de Amoer, it gebiet fan de hjoeddeistige JAO ynbegrepen, by it Russyske Keizerryk ynlive neffens it Ferdrach fan Aigun (1858) en de Konvinsje fan Peking (1860). Yn desimber fan 1858 hjitte de Russyske oerheid it foarmjen fan in militêre ienheid fan Kozakken dy't de súdeast grins fan Sibearje beweitsje moasten. De militêre kolonisaasje befette kolonisten fan Transbaikal. It is rûsd dat der likernôch 40.000 manlju fan it Russyske leger harren nei wenjen setten yn de omkriten.

Yn 1899 waard it pleatslike part fan de Transsibearyske Spoarline oanlein dêr't Tsjita en Wladiwostok mei-inoar by ferbûn waarden. Dat brocht in soad nije kolonisten en it stiftjen fan nije plakken. De spoarline wie ree yn oktober 1916 mei it iepenjen fan de 2590 meter lange Chabarovskbrêge oer de Amoer by Chabarovsk.

Yn dy tiid, foar de Russyske Revolúsje, bestie de befolking foar it grutste part út boeren. It iennichste yndustrieel bedriuw wie in houtmûne yn Tûngûssky, in stikmannich ûnderhâldbedriuwen foar it spoar, en der waard goud út de rivier de Sûtara wûn.

Yn 1922 waard in wichtige slach fochten yn de Russyske Boargerkriich yn de omkriten dy't troch de Bolsjewiken wûn waard. Alhoewol't it joadendom as religy tsjin it belied fan de Bolsjewiken wie, woe Vladimir Lenin minderheden al temjitte komme en guon tolerânsje jaan om harren oanhang te krijen.

Yn 1924 wie de wurkleazens ûnder de Joaden yn de Sovjet-Uny oer de 30%. Dat kaam troch de pogroms, mar ek troch it belied fan de oerheid fan de Sovjet-Uny, dy't it Joaden ferbea om ambachtslju en lytse sake-eigeners te wêzen. Om de Joaden oan it wurk om se mear produktyf foar de maatskippij te krijen, rjochte de oerheid Komzet op, in kommitee om Joaden warber yn de lânbou te krijen. It idee om alle Joaden fan de Sovjet-Uny yn in beskaat gebiet dy't foar harren oanwiisd wurde soe, krige in soad byfal by de Sovjet-oerheid. Dêr soene se in libbenstyl dy't "sosjalistysk yn ynhâld en nasjonaal yn foarm" hawwe kinne. De Sovjets woene ek in alternatyf foar it Sionisme, de Joadske delsetting yn Palestina, oanbiede. Sosjalistyske Sionisten, lykas Ber Borochov krigen in soad oanhing yn dy snuorje. Sionisme wie lykwols de favorite ideology neffens de Jiddyske ynterpretaasje fan de politike ekonomy fan de wrâld, dy't einlings net te ferienjen wie mei it Sovjet-belied, omreden de waaksende opposysje fan de Jiddyske beweging, ûnder oaren Emma Goldman, foar it etnysk-nasjonalisme, dy't de Sovjetrepubliken gearstalde, oer.

Stifting bewurkje seksje

 
Stânbyld fan Joadske kolonisten by it treinstasjon yn Birobidzjan
 
Ungetiidzje op in Joadske kolchoz

It plak dy't ynearsten yn de iere 1920-er jierren oerwage waard foar de Joaden wie de Krim, dêr't doe al in reedlik grutte Joadske befolking wenne. Twa Joadske distrikten (raiony) waarden yn de Krim en trije yn súdlik Oekraïne foarme. In alternatyf plan, dy't mear kâns fan slagjen hie, waard doe oerwage.

Lang om let waard Birobidzjan, yn wat hjoed-de-dei de JAO is, keazen troch de Sovjet-lieders foar in Joadske regio. De kar foar dat gebiet wie in ferrassing foar Komzet, want it gebiet wie ornearre foar militêren. Sina, en ek Japan, hiene harren eagen op de Russyske provinsjes yn it Russyske Fiere Easten. Yn dy tiid wennen der noch mar likernôch 30.000 minsken, de measten Kozakken út Transbaikal, Koreanen, Kazakken en Tûngûzyske folken. Sovjetlieder Joazef Stalin woe it gebiet yn it tinbefolke Fier Easten mear befolkje litte, benammen by de Sineeske grins del. Hy die dat it meast om dy reden ynstee as in geunst foar de Joaden. It gebiet waard ornearre as in "autonoom ditrikt", net as in autonome republyk. Dat betsjutte dat gjin pleatslik parlemint, rjochthof, oerheidspost tastien waard. Mei "autonoom gebiet" waard earder in úthoeke, net in polityk sintrum mei ornearre.

Op 28 maart 1928 waard it stiftsjen fan de JAO troch de Presidium fan de Opperste Sovjet befêstige. It nije gebiet waard ynearsten de "Birobidzjan Joadske Nasjonale Regio" neamd. It wie in rûch en bercheftich gea en bestie út in soad bosk. Om kolonisaasje oan te setten joech de Sovjet-oerheid tastimming ta privee-eigendom fan lân. Dat late der ta dat in soad net-Joaden nei de oblast kamen foar in fergese pleats.

Yn de maitiid fan 1928 kamen der 654 Joaden oan, dochs yn oktober gie krapoan de helte wer fuort omreden de rûge omstannichheden. Yn de simmer fan 1928 wiene der in soad stoarmreinen dy't gewaaksen fuort spielden en in útbraak fan miltfjoer dêr't in soad fee troch omkaam. Joadske delsettings yn dy tiid wiene Valdgejm, dêr't de earste kolchoz fêstige waard, Amoerset en Smidovitsj.

Op 7 maaie 1934 waard de Joadske Autonome Regio (JAR) offisjeel foarme yn de Russyske Sosjalistyske Federative Sovjetrepublyk. Yn 1938 waard it territoarium Chabarovsk foarme, dêr't de JAR formeel ûnder foel. Yn de 1930-er jierren joech de Sovjet-oerheid de oanset om mear Joaden nei de JAR ferhûzje te litten troch middel fan in kampanje troch it fersprieden fan posters ûnder mear yn it Jiddysk. Ek sa'n 1200 net-Joadske Sovjetboargers setten harren nei wenjen yn de regio.

Under Stalin bewurkje seksje

Yn de jieren foar de Twadde Wrâldkriich hie de JAO in Joadske befolking fan likernôch 20.000, sa'n 16% fan de befolking. Troch it tanimmen fan de Joadske befolking krige de Jiddyske kultuer ek mear ynfloed. In Jiddyske krante, de Birobidzjaner Sjtern en in teätergroep waarden oprjochte, en nije strjitten dy't yn de stêd boud waarden, waarden nei promininte Jiddyske skriuwers neamd.

Nei de Twadde Wrâldkriich bewurkje seksje

 
Twatalich, Russysk en Jiddysk, boerd op in oerheidsynstelling

Nei de Twadde Wrâldkriich wie der fannijs ynteresse foar Birobidzjan as in potinsjeel thúslân foar Joadske flechtelingen. Yn 1948 telde de JAO 46.000-50.0000 Joaden, likernôch 25% fan de befolking. Yn 1959 wie de Joadske befolking neffens in sensus tebekrûn ta 14.269 persoanen. In synagoge waard justjes nei de kriich iepene, dochs sleat yn de 1960-er jierren nei in brân it gebou foar it grutste part skeind hie. Yn 1980 waard der in Jiddyske skoalle yn Valdgejm iepene. Yn 1989 wennen der noch 8.887 Joaden yn de JAO, 4% fan de befolking fan 214.085.

Nei de Sovjet-Uny bewurkje seksje

Yn 1991 nei de ynstoarting fan de Sovjet-Uny waard de JAO in dielgebiet fan de Russyske Federaasje en foel tenei net mear ûnder de kraj Chabarovsk. De Joaden besloegen doe noch mar krapoan 2% fan de befolking, om't in soad Joaden út de Sovjet-Uny wei emigrearre wiene. Yn 2002 wiene der noch 2.357 Joaden oer.

Nettsjinsteande dat wurdt der noch hieltyd Jiddyske lessen jûn op skoallen, is der in Jiddysktalige radiostjoerder en binne der Jiddyske siden yn de krante de Birobidzjaner Sjtern.

Geografy bewurkje seksje

 
Reliëf fan de Joadske Autonome Oblast

It gebiet kin geografysk sjoen yn twa regio's ferparte wurde. It westen en noardwesten foarmet in bercheftich gea mei de Chingan-Boergejaberchtme as wichtichste berchrêch. Oare berchtmen yn dy regio binne dem Maly-Chingan, Sûtara, Pompejevsky en Sjûky-Poktoi. Yn it easten en súdeasten fan it gebiet is it gea frij flak dat part is fan de Sintrale Amoerleechflakte. Dêr binne fjouwer ûnderskate ekosystemen: de Amoer- as Mansjûrynske mingde en blêdferliezend bosk, Ochotsk-Kamtsjatkaanske spar-taigabosk, Eastsibearysk as Angara lichte konifear-taigabosk en de Dahuriaansk-Mongoalske steppe.

Likernôch 44% fan it gebiet bestiet út bosk. Dat wie erarder tusken 65-70%. Yn it suden waard der in soad bosk kapt. It bosk bestiet foar it grutste part út konifeareftigen.

Der binne fjouwer rivieren dy't troch it gebiet rinne: de Amoer, dy't de grins foarmet mei Sina; de Bira en de Bidzjan dy't yn it noardwestlik berchgebiet ûntspringe en nei it suden troch de JAO rinne en yn de Amoer útmûnje. De Grutte Tûngûska ûntspringt yn it noardlik berchgebiet en rint oer de noardlike grins en mûnet ek út yn de Amoer.

Bestjoerlike yndieling bewurkje seksje

De JAO bestiet út de folgjende distrikten (Russysk: районы, rajons):

  • Birobidzjanski (Биробиджанский)
  • Leninski (Ленинский)
  • Oblûtsjenski (Облученский)
  • Oktjabrski (Октябрьский)
  • Smidovitsjski (Смидовичский)

Befolking bewurkje seksje

 
It stasjonsplein yn Birobidzjan mei in menoara

Grutste plakken bewurkje seksje

Nû. Stêd Russysk Ynwenners (2021) Kaart
1 Birobidzjan Биробиджан 77.250  
2 Oblûtsje Облучье 11.069
3 Nikolajevka Николаевка 7.650
4 Smidovitsj Смидович 5.905
5 Amoerset Амурзет 5.382
6 Teploozjorsk Теплоозёрск 5.124
7 Bira Бира 4.311
8 Babstovo Бабстово 3.804
9 Priamoersky Приамурский 3.675
10 Ptitsjnik Птичник 2.969

Etnisiteit bewurkje seksje

De etnyske opmaak fan de JAO neffens de Russyske folkstelling fan 2010 foar de totale befolking fan 176.558 bestiet foar 93% (160.185) út Russen, 3% (4871) Oekraïners, en 1% (1628) Joaden.

Taal bewurkje seksje

Russysk is de fiertaal en wurdt foar it grutste part brûkt, wylst Jiddysk op skoallen ûnderrjochte wurdt.

Leauwe bewurkje seksje

Neffens in peiling yn 2012 wie 23% fan de befolking fan de JAO Russysk-otterdoks, ^% oare kristlik otterdoksen, 9% kristenen dy't net by in beskate tsjerke hearre, 0,2% Joaden, 5% identifisearje harren as "spiritueel mar net religieus", en 22% ateïsten. De oblast is ien fan de minst religieuze plakken yn Ruslân.

Ekonomy bewurkje seksje

De ekonomy is bestiet benammen fan de folgjende wichtichste sektoaren:

  • lânbou
  • mynbou-yndustry: goud, tin, izer, stienkoal, brúnkoal en grafyt
  • houtferwurking
  • lichte yndustry (benammen tekstyl en itensferwurking).

Ek de Transsibearyske Spoarline, dy't Birobidzjan mei stêden sa as Moskou, Novosibirsk en Chabarovsk ferbynt, is wichtich foar de pleatslike ekonomy.

Nijsgjirrich bewurkje seksje

Yn 2002 ferskynde de dokumintêre L'Chayim, Comrade Stalin! oer de stifting fan de Joadske Autonome Oblast troch Stalin, en it kommen fan de Joadske kolonisten. De film befettet ek sênen fan it hjoeddeistige Birobidzjan en ynterviews mei oerbleaune Joadske ynwenners.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Jewish Autonomous Oblast


 
Dielgebieten fan Ruslân

 

Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne