Jodokustsjerke (Oosterland)

De Jodokustsjerke is in letgoatyske protestantske tsjerke yn it Siuwske doarp Oosterland. Fan 'e midsiuwske tsjerke bleau allinne it eksterieur fan it koer yn 'e orizjinele steat bewarre.

Jodokustsjerke
Lokaasje
provinsje Seelân
gemeente Schouwen-Duiveland
plak 4307 AB Oosterland
adres Torenplein 1
koördinaten 51° 38'N 4° 02'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Jodokus
Arsjitektuer
boujier 14e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 14160 (tsjerke)
Webside
Side fan de gemeente

Skiednis bewurkje seksje

De oant de reformaasje oan de hillige Jodokus wijde tsjerke yn Oosterland waard yn 'e twadde helte fan 'e 14e iuw boud. Fan dy tiid datearret noch de tsjintwurdich frijsteande sealtektoer. Tsjin it ein fan 'e 15e iuw waard it trije traveeën tellende letgoatyske koer mei in 5/8 ôfsluting boud.

Yn 1612 waard it doarp pleage troch in tige slimme doarpsbrân. Dêrby rekke ek it tsjerkeskip sa slim skeind, dat werbou net mooglik wie. Tenei brûkte de gemeente foar de tsjerketsjinst it koer dat de brân oerlibbe hie. Yn 'e 19e iuw moast it koer op it plak fan it eardere dwersskip oan 'e westlike kant mei twa traveeën langer makke wurde. Boppedat bouden se yn 1880 tusken it koer en de toer in skoallegebou, dat sûnt 1904 as gemeentehûs brûkt waard.

De Twadde Wrâldkriich brocht benammen oan 'e toer nije skea. Yn 'e jierren 1949-1950 folge de renovaasje fan it gebou.

Hjoed-de-dei heart de tsjerke ta de herfoarme gemeente, dy't oansletten is by de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.

Oargel bewurkje seksje

It tsjerke-oargel waard yn 1905 troch Jan van Gelder út Leien boud. It sleeplade-oargel bleau foar in grut part bewarre. It hat 8 registers op ien manuaal (C–f3: Bourdon 16′, Prestant 8′, Holpijp 8′, Gamba 8′, Celeste 8′, Octaaf 4′, Piccolo 2′, Mixtuur III-V). It pedaal (C–d1) is oanhongen en de spyl- en registertraktueren binne mechanysk.

Literatuer bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint Jodokustsjerke fan Wikimedia Commons.