In joert is in maklik ôfbrekbere en ferpleatsbere rûne wente of tinte dy't tradisjoneel brûkt wurdt troch folken yn Sintraal-Aazje. It wurd "joert" is ôflaat fan it Turkske yurt, dat eins ferwiist nei de ôfdruk dy't sa'n wente efterlit op it gers, en, yn it ferlingde dêrfan nei immens wenplak, streek en heitelân. Inkeld yn oare talen (lykas it Russysk, dat it trochjoech oan oare Westjeropeeske talen) wurdt it brûkt om 'e wente sels oant te tsjutten.

In Kazachske joert dy't tsjinstdocht as kafee.
In Mongoalske ger op 'e steppe.

Opbou bewurkje seksje

In joert bestiet út rûnich houten ramt dat ornaris dy foarm oannommen hat troch it te ferhjitsjen mei steam en it dan te ferbûgen. Oer it ramt hinne wurdt in filten fuorring oanbrocht, dy't makke is fan skieppewol. Yn it ramt is doariepening makke, en it wurdt ûnderstipe troch in stikmannich balken of peallen dêr't it stevige, krektlyk mei filt oerdutsen dak op rêst. Dak, peallen en ramt wurde byinoar holden mei touwen of linten. Soms wurdt der noch in kanvas beklaaiïng oer it filt hinne oanbrocht, of oars sinneskermen.

De hiele struktuer stiet oanhâldend ûnder druk fan 'e swiere filtene fuorrings, wêroan't soms noch in gewicht tafoege wurdt, dat dan oan it dak befêstige wurdt. Der wurde gjin hjerrings brûkt, mei't der fan âlds in kultureel taboe rêste op it skeinen fan 'e grûn. Joerten komme foar yn in ferskaat oan mjitten en gewichten, mar binne allegear ûntwurpen om maklik ôfbrutsen en yn in pear oeren tiid wer opboud te wurden. De ôfsûnderlike ûnderdielen binne hânsum genôch om tuskentroch mei kamielen of jaks nei in oar stee ta ferfierd te wurden.

Nammen bewurkje seksje

  • Baskiersk: тирмә, tirmä, [tirmæ], "hûs"
  • Kazachsk: киіз үй, kïiz üy, [kɯʲiz yi], "filten hûs"
  • Kirgizysk: боз үй, boz üy, [boz yi], "griis hûs" (fanwegen de kleur fan it filt)
  • Mongoalsk: гэр, ger [ɡɛr], "hûs"
  • Pataansk: جرگا, ǰirga, [ʤiɾɡa]
  • Turkmeensk: ak öý of gara öý, [ak öi] resp. [gara öi], "wyt hûs" resp. "swart hûs" (ôfhinklik fan it komfôr)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.