Johan Abma (fuotballer)

Johan Abma (Snits, 5 maaie 1969) is in eardere proffuotballer út Fryslân, dy't de earenamme "Mister Cambuur" draacht omdat er it kluprekord hat wat it tal wedstriden oangiet.

Johan Abma
persoanlike bysûnderheden
namme Johan Abma
bynamme 'Mister Cambuur'
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 5 maaie 1969
berteplak Snits
etnisiteit Frysk
klupskiednis
posysje Ferdigening
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1988-2003 SK Cambuur Ljouwert 452 (19)

Johan Abma begûn mei fuotbaljen by Hubert Snits yn Snits en kaam letter by de jeugd fan Cambuur terjochte, dêr't hy yn it seizoen 1988/1989 debutearre yn it earste. Hy spile yn de ferdigening en soe syn hiele proffuotbalkarriêre trochbringe by Cambuur. Syn bêste jier wie it kampioensjier by Cambuur. Yn it seizoen 1991/1992 waard hy mei Cambuur kampioen fan de Earste Difyzje en promovearre nei de Earedifyzje. It aventoer yn de heechste klasse duorre twa jier en mei Cambuur kearde Abma werom nei de Earste Difyzje. Fjouwer jier letter kamen sy fia de neikompetysje wer op it heechste nivo te spyljen yn de seizoenen 1998/1999 en 1999/2000, dêr't degradaasje nei folge.

Nei safolle jierren by Cambuur wie de ein fan syn lêste seizoen 2002/2003 foar him tige sneu doe't er te hearen krige dat Cambuur net langer ferlet hie fan syn tsjinsten. Nettsjinsteande eardere tasizzings koe hy nei fyftjin trouwe tsjinstjierren net rekkenje op in nije oanbieding.

Mister Cambuur bewurkje seksje

Abma sil de rest fan syn libben nei alle gedachten wol Mister Cambuur bliuwe. It totaal oantal fuotbalwedstriden dat er yn de haadmacht spile bedraacht 452 kear, dat in kluprekord ynhâldt.

Karriêre bewurkje seksje

Seizoen Klup Wedstriden Doelpunten Kompetysje
1988/89 SK Cambuur 14 0   Earste difyzje
1989/90 SK Cambuur 36 2   Earste difyzje
1990/91 SK Cambuur Ljouwert 37 1   Earste difyzje
1991/92 SK Cambuur Ljouwert 35 4   Earedifyzje
1992/93 SK Cambuur Ljouwert 32 1   Earedifyzje
1993/94 SK Cambuur Ljouwert 28 0   Earste difyzje
1994/95 SK Cambuur Ljouwert 28 0   Earste difyzje
1995/96 SK Cambuur Ljouwert 28 1   Earste difyzje
1996/97 SK Cambuur Ljouwert 33 0   Earste difyzje
1997/98 SK Cambuur Ljouwert 34 3   Earste difyzje
1998/99 SK Cambuur Ljouwert 32 2   Earedifyzje
1999/00 SK Cambuur Ljouwert 23 1   Earedifyzje
2000/01 SK Cambuur Ljouwert 33 2   Earste difyzje
2001/02 SK Cambuur Ljouwert 30 2   Earste difyzje
2002/03 SK Cambuur Ljouwert 24 0   Earste difyzje
Totaal 452 19

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: