Johan Bernard Scheffer

Johan Bernard Scheffer [1]. (Homboarch, 1765Amsterdam, 30 maaie 1809) wie in Dútsk keunstskilder en graveur, dy't yn de Nederlannen arbeide.

Libben en wurk bewurkje seksje

Scheffer wie in soan fan Johann Werner Scheffer (1730-1799) en Catharine Maria Pfluger (1731-1799). Hy wie in learling fan de skilder Johann Friedrich August Tischbein. Hy festige him yn 1788 yn Utert. Yn 1794 boaske er oan de miniatuerskilderesse Cornelia Lamme[2] (1769-1839). Sy krigen seis bern, ûnder oaren de skilders Ary en Henry Scheffer.

Scheffer wenne mei de húshâlding yn Dordrecht, De Haach, Rotterdam en fan 1803 ôf oan yn Amsterdam. Hy skildere meast portretten en ynterieurs en makke in stikmannich gravueres. Kening Loadewyk Napoleon beneamde him in 1808 ta hofskilder.

De skilder stoar yn de âldens fan 44 of 45 jier yn Amsterdam en waard beïerdige yn de Sudertsjerke.

Skilderijen bewurkje seksje

Wurk yn museums bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ek wol: Johann Bernhard Scheffer en Jean Baptiste Scheffer
  2. "Lamme, Cornelia", yn: Digitaal Vrouwenlexicon van Nederland