Johan Burgers (folút: Johannes Gerardus Hendrikus Burgers; 's-Heerenberg, 31 jannewaris 1870Arnhim, 12 juny 1943) wie in Nederlânsk ûndernimmer fan Achterhoeksk komôf. Hy rjochte yn 1913 yn Arnhim de dieretún Burgers' Dierepark op, no Keninklike Burgers' Zoo.

Johan Burgers
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Gerardus Hendrikus
   Burgers
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 31 jannewaris 1870
berteplak 's-Heerenberg (Gelderlân)
stoarn 12 juny 1943
stjerplak Arnhim (Gelderlân)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
wurkpaad
berop/amt dieretúndirekteur
jierren aktyf 19131939

Libben en karriêre bewurkje seksje

Burgers waard yn 1870 berne yn 's-Heerenberg, yn 'e Achterhoeke, dêr't er yn 1895, nei syn houlik mei in Maria Erwig, in boerepleats sette liet. Yn 'e tún hold er fazanten, mar fanwegen syn almar tanimmend bistebeslach waard dy tún dêr al rillegau te lyts foar. Yn 1913 kocht Burgers in grutter stik grûn oan, dat er Buitenlust neamde, om syn fazanten de romte te jaan dêr't se ferlet fan hiene. Neitiid begûn er ek eksoatyske bisten oan te skaffen, lykas liuwen en bearen. Dizze leafhawwerij finansierde er troch tsjin betelling besikers rûn te lieden.

 
Tinkteken foar Johan Burgers yn Burgers' Zoo.

Doe't de ôfhandige lokaasje oan 'e ein fan in sânpaad foar de tanimmende oantallen besikers net mear foldie, begûn Burgers om te sjen nei in oar, gaadliker plak. De gemeente Arnhim stelde him doe in terrein ta beskikking dat njonken it Nederlânsk Iepenloftmuseum lei. Yn 1924 iepene er dêr de dieretún Burgers' Dierepark. Mei't de oantallen besikers almar tanamen, mocht it Burgers barre om dêr stadichoan hieltyd mear ferskillende bistesoarten te yntrodusearjen.

Under de Twadde Wrâldoarloch makke Burgers' Dierepark in minne tiid troch, dy't ta in djiptepunt kaam doe't by de Slach om Arnhim, yn it neijier fan 1944, de dieretún foar in diel ferwuostge waard en twatrêde part fan it bistebeslach de dea fûn. Burgers makke dat net mear mei; hy kaam yn 1943 yn 'e âlderdom fan 73 jier te Arnhim te ferstjerren. Lucie Burgers, de jongste fan syn trije dochters, en har man Reinier van Hooff, namen dêrnei de lieding oer de dieretún oer.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliografy, op dizze side.