Johan Herman Isings

Johan Herman Isings (Amsterdam, 31 july 1884 - Soest, 19 augustus 1977) wie in Nederlânske tekener, yllustrator en boekbânûntwerper.

Johan Herman Isings

Libben en wurk bewurkje seksje

Herman Isings wie in soan fan Johan Herman Isings en Alida Timmerman. Op 18 febrewaris 1909 boaske er oan Clasina Elisabeth Maria van den Dungen. Harren trije bern stoaren allegear doe't se noch jong wiene. Nei't syn frou yn 1916 stoar oan t.b.c. troude Isings fannijs mei Eilisabeth Helena Petronella Niesten, in dochter fan skilder P.J. Niesten. Sy krigen tegearre trije bern.

Isings is ferneamd wurden yn Nederlân troch syn histoaryske akwarellen, dêr't 43 skoalplaten by binne, dy't er makke hat tusken 1910 en 1970. De skoalplaten litte hichtepunten út de Nederlânske skiednis sjen. Dêrnjonken hat er hûnderten boeken yllustrearre, skoalboeken, berneboeken, romans en bibels foar bern en de jongerein. Hy hat de learmaster west fan ûnder oaren de yllustrators Henk Poeder en E.J. Veenendaal. Isings wurdt beskôge as ien fan de meast wichtige histoarjeskilders fan Nederlân.[1]

De skoalplaten dy't er makke foar útjouwerij Wolters-Noordhoff binne ûnder mear by: De Noormannen voor Dorestad, De overwintering op Nova Zembla en De Rijksdag te Worms. Fierders hat Isings yllustraasjes makke foar jeugdboeken fan ûnder oaren W.G. van de Hulst sr. en Willem de Mérode.

Yn 1974 waard in filmke oer him makke dat te sjen wie yn it VPRO-telefyzjeprogramma Het Gat van Nederland omdat Jan Blokker en einredakteur Hans Keller en de makker Theo Uittenbogaard, gefascineerd waren door de byldzjende krêft fan sy skoalplaten. Yn 1976 stjoerde de EO in langer portret mei wiidweidich ynterview troch syn biograaf Jan A. Niemeijer fan him út.

Literatuer bewurkje seksje

  • Jan A. Niemeijer, J.H. Isings historieschilder en illustrator, Kok te Kampen, 2000.
  • Jacques Dane (2014) 'J.H. Isings (1884-1977)' : realisme en de Bijbel' yn: De verbeelders. Nederlandse boekillustratie in de twintigste eeuw. (Utjouwerij Vantilt, Nymwegen)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.vanrietschoten.nl