Johannes Gerrit Kramer (Harich, 13 oktober 1967), is in Frysk FNP-politikus út Sibrandabuorren.

Johannes Kramer
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 13 oktober 1967
berteplak Harich (Fryslân)
etnisiteit Frysk
partij FNP
boargemaster fan Noardeast-Fryslân
amtsperioade 2020 – ....
foargonger Haijo Apotheker
deputearre fan Fryslân
amtsperioade 20112020
fraksjefoarsitter fan 'e FNP yn 'e
Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 20032011
foargonger Jan van der Baan
opfolger Annigje Toering
lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 20032011
offisjele webside
Johannes Kramer op Twitter

Kramer groeide op as iennichst bern op in buorkerij fan roomske âlden. Hy gie fan 1980 oant 1987 nei de RSG Magister Alvinus yn Snits en studearre fan 1987 oant 1993 oan de universiteit fan Leien. Kramer is foarsitter fan it parochybestjoer fan de roomske tsjerke fan Easterwierrum. Hy hat fjouwer bern mei syn partner Christina Rijpkema.

Politike karriêre bewurkje seksje

Yn maart 2003 kaam Kramer foar de Fryske Nasjonale Partij yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân, dêr't er Jan van der Baan opfolge as fraksjefoarsitter. Hy wurke tusken 2006 en 2011 as gemeentesekretaris fan Menameradiel.

Kramer as deputearre bewurkje seksje

Nei de provinsjale ferkiezings fan 2011 wie de FNP ien fan de partijen dy't meidie oan de ûnderhannelings foar in koälysje. Op 15 april waard it koälysje-akkoart presintearre en dêrmei hie de FNP foar it earst yn de skiednis fan de partij plak yn de Deputearre Steaten. Kramer waard de earste FNP-deputearre fan Fryslân yn de skiednis. Hy krige yn syn portefúlje ûnder mear Lanlik Gebiet, Plattelânsbelied en Iepenbier Ferfier. Ek waard er gebietsdeputearre fan noardeastlik Fryslân. As fraksjefoarsitter fan 'e FNP yn 'e Steaten waard er opfolge troch Annigje Toering.

By de provinsjale ferkiezingen yn 2015 behelle de FNP, krekt as fjouwer jier earder, fjouwer sitten yn de Fryske Steaten. De partij kaam op 'e nij yn de koälysje, diskear mei CDA, VVD en SP. Kramer waard ek wer deputearre mei likernôch deselde ûnderwerpen yn 'e portefúlje as yn de foarige amtsperioade. Nei de provinsjale ferkiezings fan 2019 bleau Kramer deputearre yn in koälysje fan CDA, VVD, PvdA en FNP.

Yn 'e hjerst fan 2019 kaam Kramer lanlik yn it nijs doe't er yn it ramt fan 'e Stikstofkrisis him earst gau-gau by it stikstofbeslút fan it regear fan Mark Rutte oer de foarnommen ynkrimping fan 'e lânbousektor oansleat, en doe op 11 oktober, nei ien inkele demonstraasje fan boeren foar de doar fan it Provinsjehûs yn Ljouwert, as in blêd oan in beam omdraaide en him dêrút weromloek. Dat kaam him op in protte krityk te stean, hoewol't er út guon hoeken ek byfal krige. Dyselde wike waard bekend dat Kramer begjin jannewaris 2020 Haijo Apotheker opfolgje soe as boargemaster fan Noardeast-Fryslân.

Keppelings om utens bewurkje seksje