Johannes Voorhout (I)

Johannes Voorhout (I) (Uithoorn, 11 novimber 1647Amsterdam, foar 12 maaie 1723) wie in Nederlânsk skilder, tekener en dekorassjeskilder.

Johannes Voorhout (Jacobus Houbraken, 1721)

Hy wie in soan fan de Amsterdamske master-klokmakker Cornelis Voorhout. Fan 1662 oant 1664 wie er warber yn Gouda. Yn 1664 ferhuze er nei Amsterdam, dêr't er tusken 1664 oant 1669 wiersynlik learde by Jan van Noordt. Hy boaske yn 1670 en krige yn 1677 in soan, Johannes Voorhout (II). Iere jierren 70 wurke er yn Hamboarch, dêr't er Matthias Scheits moete, en al yn 1707 festige er him fannijs yn Amsterdam. Hy joech les oan syn soan, dy't him letter as selsstannich skilder festige, earst yn Alkmaar en letter yn Amsterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: