John Dykstra (folút: John Charles Dykstra; Long Beach (Kalifornje), 3 juny 1947) is in Amerikaansk special effects-technikus en útfiner fan etnysk Frysk komôf. Hy is benammen bekend wurden trochdat er de lieding hie oer de special effects-ôfdieling by it meitsjen fan 'e earste Star Wars-film. Hy is de winner fan trije Oscars en ien Emmy Award.

John Dykstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Charles Dykstra
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 3 juny 1947
berteplak Long Beach (Kalifornje)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt special effects-technikus
aktyf as útfiner
jierren aktyf 1971 – no
prizen Oscar
Emmy Award 1979
offisjele webside
John Dykstra yn 'e IMDb
Dizze side giet oer de Amerikaanske special effects-technikus. Foar de Amerikaanske politikus, sjoch: John Dykstra (politikus).

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Dykstra waard yn 1947 berne yn Long Beach, yn 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles. Nei't er oan 'e Kalifornyske Steatsuniversiteit, Long Beach foar yndustrieel ûntwerper leard hie, wist er yn 1971 in baan te bemachtigjen as de assistint fan special effects-man Douglas Trumbull, by it meitsjen fan 'e film Silent Running.

Karriêre bewurkje seksje

Doe't George Lucas yn 1975 special effects-technisy byinoar brocht foar it filmjen fan Star Wars: Episode IV – A New Hope, wie Turnbull ûnbeskikber om't dy op it punt stie om oan it wurk te gean foar Steven Spielberg, op 'e set fan Close Encounters of the Third Kind. Turnbull rette Lucas lykwols oan om Dykstra yn 'e earm te nimmen, en Lucas folge dy rie op. Lucas rjochte syn eigen special effects-bedriuw op, Industrial Light & Magic (ILM), dat yn 't earstoan operearre fanút in pakhûs yn 'e Los Anzjelynske wyk Van Nuys, en Dykstra waard dêr foarman.

Foar it meitsjen fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy) ûntwikkele Dykstra de saneamde Dykstraflex-bewegingsbehearskbere kamera, wêrmei't in grut tal baanbrekkende effekten berikt wurde koene. Uteinlik krigen Dykstra en Lucas lykwols spul oer de hichte fan it bedrach dat bestege waard oan nije kameratechniken, dat Lucas oer de meuch gie. De rûzje rûn sa heech op dat it úteinlik ta it ûntslach fan Dykstra late. Nettsjinsteande dat wûnen Dykstra en syn team neitiid yn 1978 twa Oscars, yn 'e kategoryen bêste special effects en bêste spesjale technyske prestaasje.

Nei't er by ILM weirekke wie, begûn Dykstra by Universal Pictures te wurkjen oan 'e (oarspronklike) tillefyzjesearje Battlestar Galactica. Wylst er it tafersjoch hie oer de special effects fan 'e trije oeren duorjende pilotôflevering fan dy rige, rjochte Dykstra syn eigen special effects-bedriuw op, mei as namme Apogee, Inc. Dêrfoar naam er ferskate eardere meiwurkers fan ILM oan. Under de rest fan 'e searje waard net mear in protte op it mêd fan special effects tafoege, mar waarden Dykstra syn opnamen út 'e pilotôflevering recycle. Yn 1979 waard Dykstra foar syn wurk oan Battlestar Galactica in Emmy Award (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis) takend yn 'e kategory treflike yndividuele prestaasje: kreätive technyske feardichheden.

Doe't de searje útstjoerd waard, dagen Lucas en 20th Century Fox Universal Pictures lykwols foar de rjochter om't dy mei Battlestar Galactica wichtige ûnderdielen fan Star Wars plagiarisearre hawwe soene. Nei't it skynt, kaam dizze rjochtsaak benammen fuort út Lucas syn argewaasje oer it feit dat Dykstra no technology brûkte dy't ûntwikkele wie op kosten fan ILM om by te dragen oan produksjes fan 'e konkurrinsje. Doe't Lucas ILM yn 1979 nei San Fransisko ferhuze om oan Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back te begjinnen, waarden ferskate Apogee-wurknimmers op 'e nij troch ILM oannommen, wêrûnder Richard Edlund en Dennis Muren, mar Dykstra sels waard negearre.

Ynstee wurke Dykstra ein 1970-er jierren oan 'e films Avalanche Express (1979) en Star Trek: The Motion Picture (1979). Yn 1982 fûn er mei syn wurk oan 'e film Firefox nije techniken út foar it kombinearjen fan miniatuereffekten mei wiere eftergrûnen. Hoewol't de film mar in beskieden súkses wie, wûn Dykstra der ferskate prizen mei. Neitiid produsearre Dykstra yn 1985 de special effects foar de science fiction-horrorfilm Lifeforce, dy't opnommen waard yn Ingelân. Fierders wied er ek behelle yn it meitsjen fan 'e remake fan Invaders from Mars (1986) en yn 'e produksje fan My Stepmother is an Alien (1988).

Yn 'e 1990-er jierren hie Dykstra it tafersjoch oer de special effects fan 'e superheldefilms Batman Forever (1995) en Batman and Robin (1996). Dyselde funksje hied er by de ferfilming fan Stuart Little (1999), Spider-Man (2002) en Spider-Man 2 (2004). Foar syn wurk oan dy lêste film wûn er yn 2005, yn 'e mande mei Grant McCune, Richard Edlund en Robert Blalack, nochris in Oscar, diskear yn 'e kategory bêste fisuele effekten. Dykstra ûntwurp fierders de fisuele effekten fan 'e film X-Men: First Class (2011), wêrby't er der soarch foar droech dat de seis ûnderskate bedriuwen dy't dêrby belutsen wiene, alle shots leveren binne it krappe skema dat dêrfoar stie.

Priveelibben bewurkje seksje

Dykstra troude yn 1996 mei Cass McCune, dy't ek as special effects-technika meiwurke hie oan 'e produksje fan Battlestar Galactica, en mei wa't er doe al mear as tsien jier in relaasje hie. Hy is de heit fan aktrise en model Chloe Dykstra.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.