John Loudon McAdam

(Trochferwiisd fan John McAdam)

John Loudon McAdam (Ayr (Ayrshire, Skotlân), 21 septimber 1756 - Moffat (Dumfriesshire), 26 novimber 1836) wie in Skotsk yngenieur en oanlizzer fan wegen dy't ferneamd waard troch it betinken fan de saneamde makadamwei, de foarrinner fan asfalt dykbefluorring.

John Loudon McAdam

Libben en wurk bewurkje seksje

 
McAdams grêf yn Moffat

McAdam ferfear yn 1770 doe't er 14 jier wie, nei de dea fan syn heit, nei New York. Hy wurke dêr yn de ûndernimming (Counting house) fan syn omke William McAdam. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch stie er oan de Britske kant. Nei't er ryk wurden wie troch it ferkeapjen fan oarlochsbút út namme fan it Britske regear, moast er nei de kriich yn 1783 New York ferlitte en weromgean nei Skotlân. Hoewol't it grutste part fan syn besittings konfiskearre waard, koe er genôch jild besparje om in bûtenpleats yn Sauchrie yn het greefskip Ayrshire te keapjen.

De minne steat fan de wegen op syn bûten brocht him derta om de wegebou op te pakken. Yn twa publikaasjes út 1816 en 1819 (Remarks on the Present System of Road-Making en Practical Essay on the Scientific Repair and Preservation of Roads) beskreau er de troch him betochte technyk fan wegebou. It gie feitlik om it ferbetterjen fan de ôfwettering fan de wegen troch se te meitsjen út ferskate lagen stienslach en grint. De earste wei dy't er neffens syn ideeën oanlei wie in ferbining fan de dyk tusken Alloway en Maybole nei syn bûten.

Yn 1801 waard er ynspekteur fan de Bristol Turnpike Trustee, in bedriuw dat tolwegen eksploitearre. It wie doe dat syn karriêre as dikebouwer wier útein sette. Yn 1818 wurke er al as konsultant foar 34 bedriuwen. Yn 1823 wurke er mei syn trije soannen foar sa'n 70 bedriuwen, dêr't 34 fan laat waarden troch de famylje McAdam. Yn 1827 waard McAdam lânmjitter-generaal fan Metropolitan Roads.

Priveelibben bewurkje seksje

McAdam boaske foar de twadde kear oan Anna de Lancey, in suster fan Susan Augusta de Lancey, de oarehelte fan de Amerikaanske skriuwer James Fenimore Cooper.