John Preston Neale

John Preston Neale (1780Tattingstone, 14 novimber 1847) wie in Ingelsk arsjitektuer- en lânskipstekener. Hy tekene meast, mar út en troch makke er ek akwarellen en oaljeferveskilderijen. Syn tekeniningen waarden geregeldwei gravueres fan makke. In haadwurk fan him, de Views of the seats, Mansions, Castles, etc. of Noblemen and Gentlemen in England, Wales, Scotland and Ireland, waard yn seis dielen publisearre tusken 1819 en 1823.[1]

Ynterieur tsjerke fan Melford

Biografy bewurkje seksje

Neale syn earste wurken wiene tekeningen fan ynsekten. Doe't er yn de maitiid fan 1796 wer in kear socht nei eksimplaren yn Hornsey Wood, moete er de akwarelist en astrolooch John Varley. Tegearre betochten se in projekt mei de titel The Picturesque Cabinet of Nature, dêr't Varley de lânskipstekeningen foar meitsje soe en Neale de etsen en it ynkleurjen fan de platen foar syn rekkening nimme soe. Nûmer 1 waard publisearre op 1 septimber 1796, mar mear ferskynden der net.

Neale wie ynearsten klerk yn in General Post Office, mar wijde him letter oan de keunst. Neale stoar yn Tattingstone, ûnder Ipswich, yn de âldens fan 67 jier.

Wurk bewurkje seksje

 
Neale syn tekening fan Ashburnham Place, Susseks (1828)

Yn 1797 eksposearre Neale twa tekeningen fan ynsekten by de Royal Academy en oaren yn 1799, 1801, en 1803. Yn 1804 stjoerde er in tekening fan it dûanegebou fan Dover nei de Royal Academy en ek letter, oant 1844, gie er troch mei it útstallen fan topografyske tekeningen en lânskippen. Hy levere bydragen oan de eksposysjes fan de Society of Painters in Oil and Water Colours yn 1817 en 1818, en út en troch oan dy fan it British Institution en de Society of British Artists.

Guon fan syn wurken wiene yn oaljeferve makke, mar hy waard mear bekend mei syn ynkleure arsjitektuertekeningen. Yn 1816 sette er útein mei de publikaasje fan de History and Antiquities of the Abdijtsjerke fan St Peter, Westminster dy't er yn 1823 klear hie. De tekst fan dat wurk wie fan de hân fan Edward Wedlake Brayley. Dêrnei begûn er, yn 1818, oan Views of the Seats of Noblemen and Gentlemen in England, Wales, Scotland, and Ireland, dêr't de earste seis dielen fan yn 1824 ree wienen. De twadde rige fan fiif dielen waard publisearre tusken 1824 en 1829; it hiele wurk befette 732 platen.

Yn 1824–1825 sette Neal út ein, yn 'e mande mei de graveur John Le Keux, mei it publisearjen fan Views of the most interesting Collegiate and Parochial Churches in Great Britain, mar stoppe dêrmei nei de útjefte fan it twadde diel. Fierders publisearre er noch Six Views of Blenheim, Oxfordshire (1823), Graphical Illustrations of Fonthill Abbey (1824) en An Account of the Deep-Dene in Surrey, the seat of Thomas Hope, Esq. (1826). Tal fan oare wurken hat er ek yllustrearre.

Galery bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: