Johnny Sins, echte namme: Steve Wolfe (Pittsburgh, 31 desimber 1978), is in rêstend Amerikaansk pornografysk akteur. Hy sette yn 2006 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Hy stiet bekend om syn keale holle en syn spierde uterlik, en hat him ûntjûn ta ien fan 'e bekendste pornoakteurs fan 'e Feriene Steaten. Sins waard alve kear nominearre foar in AVN Award en wûn yn 2016 in Xbiz Award.

Johnny Sins
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Steve Wolfe
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 31 desimber 1978
berteplak Pittsburgh (Pennsylvania)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur
jierren aktyf 20062024
offisjele webside
sinslife.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Sins waard yn 1978 berne yn Pittsburgh, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. Yn 1999 rette in freondinne fan sines him oan om nei Los Angeles te ferfarren en dêr wurk te sykjen yn 'e pornoyndustry. Sins gie dêr doe net serieus op yn, mar doe't er ferskate jierren letter as boufakker wurke, betocht er him. Sadwaande sette er yn 2006, doe't er 28 jier wie, útein mei in wurkpaad as pornoakteur. Hy foel al rillegau op troch syn keale holle en spierde uterlik, en ûntjoech him ta ien fan 'e bekendste akteurs út 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Tsjin begjin 2017 hie Sins, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn mear as 800 ferskillende pornofilms spile. Dêrby hat er wurke foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Hustler Video, New Sensations, Evil Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Sin City, Adam & Eve, Elegant Angel, Digital Playground, Shane's World, Diabolic Video en VCA Pictures. Fierders hat er ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Third Degree Films en Mile High Media. En teffens hat Sins in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, yn 't bysûnder Brazzers, mar ek BangBros, Reality Kings en Naughty America. Tusken 2008 en 2015 waard Sins alve kearen nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld). Yn 2015 wûn er in Xbiz Award yn 'e kategory bêste sekssêne yn in koarte film (vignet release).

Johnny Sins hat ûnder syn karriêre yn 'e pornoyndustry gearwurke mei aktrises as Ava Addams, Asa Akira, Anikka Albrite, Britney Amber, August Ames, Eva Angelina, A.J. Applegate, Cherokee d'Ass, Veronica Avluv, Bridgette B, Cassidy Banks, Sarah Banks, Belladonna, Lexi Belle, Yurizan Beltrán, Breanne Benson, Nikki Benz, Carmella Bing, Audrey Bitoni, Julia Bond, Summer Brielle, Amy Brooke, Ashlynn Brooke, Abbey Brooks, Codi Bryant (America Moore), Hunter Bryce, Casey Calvert, Mercedes Carrera, J.R. Carrington, Lily Carter, Adriana Chechik, Cherokee, Renae Cruz, Courtney Cummz, Cytherea, Daisy Marie, Claire Dames, Dana DeArmond, Sophie Dee, Ava Devine, Devon, Skin Diamond, Gia DiMarco, Kelly Divine, Noelle Easton, Bobbi Eden, Ariella Ferrera, Jada Fire, Alexis Ford, Ana Foxxx, Diamond Foxxx, Savannah Gold, Esperanza Gomez, Keisha Grey, Sasha Grey, Aaliyah Hadid, Holly Halston, Dillion Harper, Allie Haze, Jenna Haze, Jenny Hendrix, Tara Holiday, Kylie Ireland, Diamond Jackson, Jewels Jade, Franceska Jaimes, Nikita von James, Jesse Jane, Jillian Janson, Sara Jay, Dani Jensen, Peta Jensen, Jenaveve Jolie, Julia Ann, Victoria June, Kylie Kalvetti, Kortney Kane, Eva Karera, Kagney Linn Karter, Katja Kassin, Anissa Kate, Katsuni, London Keyes, Austin Kincaid, Katie Kox, Kayden Kross, Ava Lauren, Eve Laurence, Shayla LaVeaux, Francesca Le, Brooklyn Lee, Jayden Lee, McKenzie Lee, Leilani Leeane, Ashlynn Leigh, Mia Lelani, Shawna Lenée, Lea Lexis, Alina Li, Rebeca Linares, Lisa Ann, Brandi Love, Brianna Love, Sinnamon Love, Kendra Lust, Gina Lynn, Krissy Lynn, Christy Mack, Candy Manson, Janet Mason, Nyomi Marcela, Madelyn Marie, Tanner Mayes, Jynx Maze, Marie McCray, Kiara Mia, Gianna Michaels, Trina Michaels, Maxi Mikita, Mariah Milano, Memphis Monroe, Allison Moore, Mason Moore, Tiffany Mynx, Nia Nacci, Valentina Nappi, Mya Nichole, Alexa Nicole, Nika Noire, Aletta Ocean, Brittany O'Connell, Bree Olson, Priva, Alanah Rae, Priya Rai, Romi Rain, Veronica Rayne, Ricki Raxxx, Riley Reid, Rhylee Richards, Abby Rode, Veronica Rodriguez, Blake Rose, Kristina Rose, Rachel Roxxx, Dylan Ryder, Katie St. Ives, Kendra Spade, Rachel Starr, Jada Stevens, Stoya, Kylee Strutt, Shyla Stylez, Daisy Summer, India Summer, Shae Summers, Puma Swede, Alexis Texas, Teanna Trump, Flower Tucci, Angelina Valentine, Juelz Ventura, Teri Weigel, Sienna West, Jennifer White en Ricki White.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2008 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Jenni Lee) Fuck Club
2009 AVN Award nominearre bêste triosekssêne (mei Adrenalynn en Shawna Lenée) Cheerleaders
nominearre bêste groepsekssêne (mei Shay Jordan, Camryn Kiss, Alexis Texas, James Deen en Tommy Gunn) Cheerleaders
nominearre bêste manlike nijynkommeling n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste nije dekhynst n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste triosekssêne (mei Jenna Haze en Nikki Rhodes) Cum-Spoiled Sluts
2011 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Alexis Texas) Performers of the Year 2010
nominearre bêste anale sekssêne (mei Shyla Stylez) Big Butts Like It Big 6
nominearre meast ûnderwurdearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre skandalichste sekssêne (mei Tati Russo en Taylor Russo) Introducing the Russo Twins
nominearre meast ûnderwurdearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2014 AVN Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste sekssêne (feature-film) (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Brooklyn Lee en Stoya) Bridesmaids
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2015 Xbiz Award nominearre bêste sekssêne yn in koarte film (vignet release) Doctor's Orders
2016 Xbiz Award wûn bêste sekssêne yn in koarte film (vignet release) Let's Play Doctor

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: