Joost is de artystenamme fan Joost Klein (Ljouwert, 10 novimber 1997). Hy hat ek de artystenamme EenhoornJoost brûkt. Joost is in Nederlânske muzikant, skriuwer en eardere youtuber. Hy is bekend om syn ferske "Scandinavian Boy" en syn album mei goede freon Donnie, mei de titel: M van Marketing. Hy is de Nederlânske ynstjoering foar it Eurofyzjesjongfestival fan 2024 yn Malmö, mei it nûmer "Europapa".

Joost Klein
sjonger en/of muzikant
Joost Klein by in optreden yn poppoadium Paard, De Haach
Joost Klein by in optreden yn poppoadium Paard, De Haach
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 novimber 1997
berteplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre rap, hiphop
sjongtaal Nederlânsk
jierren aktyf sûnt 2015
prizen Fryske Poppriis 2019

Jonge jierren bewurkje seksje

Joost Klein waard grutbrocht yn Britsum (gemeente Ljouwerteradiel) by syn âlden. Syn broer en suster binne sawat 15 jier âlder en wiene meast út hûs; Joost waard grut as iennichst bern. Syn heit waard diagnostearre mei kanker en stoar yn 2010. De mem fan Joost wie te drok om syn heit te helpen, wêrtroch't se yn in psygoaze rekke. Se moast nei in tehûs. Doe't alles wer wat better gie, kamen Joost en syn broer en suster del en seagen se harren mem dea op 'e bank lizzen; sy hie in hertstilstân.[1] Syn heit ferstoar doe't Joost 12 wie en syn mem in jier letter.

Doe't Joost 10 jier âld wie, yn 2008, begûn er mei filmkes op YouTube.

Karriêre bewurkje seksje

Muzyk bewurkje seksje

Gouden plaat Scandinavian Boy bewurkje seksje

Mei syn single "Bitches" út 2016 berikte hy in miljoen werjeften YouTube. Datselde jier brocht er syn earste album út, mei de namme Dakloos. Yn 2017 en 2008 stie Joost koart ûnder kontrakt by Top Notch yn 2017 en 2018. Dêr brocht er op 20 oktober 2017 de mixtape Scandinavian Boy út. It titelnûmer dêrfan is seis miljoen kear beharke op Spotify. By syn optreden op Lowlands 2019 krige er dêrfoar in gouden plaat.[2]

Op 3 augustus 2018 brocht Joost mei Donnie it album M van Marketing út. Donnie is in freon fan Joost. Joost docht mei op it ferske "René Froger" fan Donnie en krekt oarsom is Donnie te hearren op it nûmer "Bezem", dat op Joost syn album Scandinavian Boy stiet.

Twa albums yn 2019 bewurkje seksje

Joost is yntusken by Top Notch weim nei't er besleat in eigen label op te setten, mei de namme Albino Sports.[3] Albino wie it earste album dat hy er 18 jannewaris 2019 op syn eigen label útbrocht. Mei dy plaat begûn er ek in tour troch sealen as it Paard (Den Haach) de Oosterpoort (Grins), Doornroosje (Nijmegen) en Paradiso (Amsterdam). Yn de simmer stie er op ferskate festivals, wêrûnder Pinkpop en Lowlands yn Nederlân en Pukkelpop yn België. Op it titelnûmer Albino foarseach er dat al, want hy sjongt Ik ben in België met vrienden voor een show / Op Pukkelpop 2019, let's go.

Ein 2019 brocht Joost syn twadde album fan it jier út, mei de titel 1983. Dat ferwiist nei it jier fan berte fan syn broer, ek syn manager. Op 1983 wurket Joost benammen gear mei de produsinten Mick Spek, Kauwboy en Tantu Beats. Hy sjocht op it album ûnder oare werom op it jier, lykas yn it refrein fan Summervibes 2019. Dêrop sjongt er Ik stond op Pinkpop, Lowlands, Pukkelpop, Zwarte Cross / Ging top, total loss, hip-hop.

Eurofyzjesjongfestival bewurkje seksje

Klein wie ien fan de 600 gadingmakkers dy 't Nederlân fertsjintwurdigje woe op it Eurovisiesongfestival fan 2024. Mei de stipe fan 3FM-dj's sammele er 25.000 hantekeninge dy 't dêrnei op in spandoek drukt waarden en ophongen waarden by de yngong fan it Media Park yn Hilfertsom, foar Beeld & Geluid. Op 11 desimber 2023 krige Klein offisjeel te hearren dat er echt útkeazen wie as de Nederlânske ynstjoering. Syn nûmer Europapa waard op 29 febrewaris 2024 lansearre yn in spesjale ôflevering fan De Avondshow met Arjen Lubach.

Diskografy bewurkje seksje

Albums bewurkje seksje
  • 2016: Dakloos
  • 2017: Scandinavian Boy
  • 2018: M van Marketing (mei Donnie)
  • 2019: Albino
  • 2019: 1983
  • 2019: Albino Sports Vol. 1 (mei Brunzyn)
  • 2020: Joost Klein 7
  • 2022: Fryslân
Singles bewurkje seksje
  • 2016: Bitches
  • 2017: Feminist on da Block (mei Donnie)
  • 2018: Meeuw
  • 2018: Ome Robert
  • 2018: Parmezaan en Linkerbaan (mei Donnie)
  • 2018: Chubby
  • 2018: Glaassie Water
  • 2019: Buurman
  • 2019: Midlife Crisis
  • 2019: Joost Klein 2
  • 2024: Europapa

Skriuwer bewurkje seksje

Yn 2018 skreau Joost in boek. It is in dichtbondel mei de namme Albino. Hy hat it skreaun omdat syn heit ek in boek skreaun hat. It boek is dus eins ek foar syn heit, fertelt er: "Hij zei me dat ik ook een boek moest schrijven, net als hij. Dus toen een uitgeverij vroeg of ik dat wilde doen dacht ik 'wow dit kan niet beter', ik had het in mijn hoofd al af. Het is echt vet om iets tastbaars in mijn handen te hebben. Op YouTube en met mijn muziek is alles virtueel en dit is heel anders."[4]

Joost Klein hat ek meiwurke oan de ferhalebondel 3PAK, dat yn 2019 it boekewykgeskink foar jongerein wie. Syn ferhaal yn 3PAK hjit 'Brüders auf Berlin'. De oare twa skriuwers dy't in ferhaal yn dizze bondel ha, binne Margje Woodrow en Karin Amatmoekrim.

Sosjale media bewurkje seksje

Oant 2016 makke Joost YouTube-fideo's ûnder de namme Eenhoornjoost. Syn fideo's fariearren fan sketsen oant minidokumintêres. Op it stuit pleatst Joost allinnich fideoklips fan syn ferskes op YouTube en sûnt 2019 brûkt er dêr de namme joost klein. Hy sjocht himsels net as YouTuber, om't er ophâldt mei it meitsjen fan net-fideoklipfideo's op YouTube. Hy omskriuwt himsels leaver as keunstner. Op YouTube hat er 200.000 abonnees en yn totaal mear as 20.000.000 werjeften. Dochs wol Joost gjin jild fertsjinje mei advertinsjes. Joost is noch altyd aktyf op Instagram en Twitter mei it pleatsen fan foto's en fideo's.

Prizen bewurkje seksje

Yn desimber 2018 waard him yn popsintrum Neushoorn by it Freeze-festival de Fryske Poppriis útrikt. [5]

Op Noorderslag 2024 wûn hy de Poppriis 2023.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: