Jordan River Utah Temple

De Jordan River Utah Temple (earder de Jordan River Temple) is in timpel fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn South Jordan, Utah.

Jordan River Utah Temple
Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Utah
plak South Jordan
adres 10200 S 1300 W
koördinaten 40° 33' N 111° 55' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Hilligen fan de Lêste Dagen
Arsjitektuer
arsjitekt Spencer W. Kimball
boujier 1981
Webside
Side fan de timpel
Kaart
Jordan River Utah Temple (Utah)
Jordan River Utah Temple

Skiednis bewurkje seksje

Op 3 febrewaris 1978 waard de bou fan 'e Jordan River Temple oankundige. De earste skep waard op 9 juny 1979 yn 'e grûn set. De neffens in ûntwerp fan de doedestiidske hûsarsjitekt fan 'e mienskip, Spencer W. Kimball, boude timpel waard yn 1981 foltôge. Fan 29 septimber oant 31 oktober folgen doe lykas wenst by de Mormoanen iepen dagen fan it gebou, dêr't likernôch in heal miljoen minsken gebrûk fan maken om de timpel te besjen. De wijing fan 'e timpel fûn fan 16 oan 20 novimber plak troch Marion G. Romney.

Beskriuwing bewurkje seksje

It bouwurk hat in romte-oerflak fan likernôch 13.800 m². Dêrmei heart de Jordan River Utah Temple ta de gruttere timpels fan 'e mienskip. De timpel hat in toer fan 66,75 meter hichte, dy't bekroand wurdt mei in byld fan Moroni.

It is njonken de Salt Lake Temple (1893) en de Timpel fan Draper (2009) ien fan 'e trije timpels yn Salt Lake Valley.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: