Josephine Diebitsch Peary

Josephine Diebitsch Peary (Forestville, Maryland; 22 maaie 1863 - Portland yn Maine, 19 desimber 1955) ) wie in Amerikaansk skriuwster en ûntdekkingsreizger yn it Noardpoalgebiet.

Josephine Diebitsch Peary
Josephine Peary yn 1892
Josephine Peary yn 1892
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 22 maaie 1863 (Maryland)
berteplak Forestville
stoarn 19 desimber 1955 (92 jier)
stjerplak Portland (Maine)
wurkpaad
aktyf as skriuwster, ûntdekkingsreizger

Biografy bewurkje seksje

Josephine Cecilia Diebitsch har mem, Magdalena Augusta Schmid Diebitsch, kaam fan Saksen yn Dútslân. Har heit, Hermann Henry Diebitsch, wie in militêr ofsier út Prusen. Under de boargeroarloch waard de farm fan de famylje Diebitsch ferwoastge en ferhuzen sy nei Washington, D.C.. Hermann waard letter sekretaris op it Exchange Department fan it Smithsonian Ynstitút. Har broer Emil Diebitsch waard letter boargemaster fan Nutley yn Nij-Jersey.

Josephine gie nei it Spencerian Business College en studearre yn 1880 ôf. Dêrnei koe se kopiïst en meiwurker by it Smithsonian en it Amerikaanske ministearje fan Binnenlandse Saken wurde.

Robert Edwin Peary waard berne yn Pennsylvania yn 1856. Hy folge Bowdoin College, yn Brunswick, Maine. Josephine moete Robert foar it earst yn 1885 op dûnsles. Sy trouden op 11 augustus 1888. Josephine beselskippe har man faak op syn reizen nei it noarden; it brocht har fierder noardlik op de iisfjilden as hokker blanke frou earder. Sy gie mei op seis fan syn Arktyske ekspedysjes. Under harren houlik late Robert Peary mei sukses in ekspedysje nei de Noardpoal en fertsjinne sadwaande de titel fan de earste blanke man dy't it Noardpoalgebiet ferkende. Josephine bleau doe thús op Casco Bay's Eagle Island yn Maine, dat Robert yn 1877 kocht hie.

Josephine en Robert hiene twa bern. Marie Ahnighito Peary (*1893), dy't bekend waard as "Snow Baby", waard noch gjin 13 graden fan de Noardpoal ôf berne. Harren soan hiet Robert E. Peary jr.. Alhoewol't beide bern ek poalûndersiker wiene, waard Robert jr. letter boukundich yngenieur. Sy hiene ek trije bernsbern, Edward Peary Stafford, U.S.N., Robert E. Peary III en Joseph D. Peary.

Robert Peary stoar op 20 febrewaris 1920. Yn 1932 sette Josephine har nei wenjen yn Portland, Maine. Josephine Peary stoar yn 1955 yn de âldens fan 92 jier.

Wurk bewurkje seksje

 
Omslach fan The Snowbaby, 1901
  • My Arctic Journal – A Year among Ice-Fields and Eskimos. New York 1893. Nije útjefte mei foarwurd fan Robert M. Bryce: Cooper Square Press, New York 2002, ISBN 0-8154-1198-7.
  • The Snow Baby: A True Story With True Pictures. Frederick A. Stokes Company, New York 1901. Neuausgabe Kessinger Publishing, ISBN 978-1-161-74888-8.
  • Children of the Arctic. Frederick A. Stokes Company, New York 1903. Neuausgabe: Kessinger Publishing, ISBN 978-0-548-83751-1.

Literatuer bewurkje seksje

  • Cornelia Gerlach: Pionierin der Arktis. Josephine Pearys Reisen ins ewige Eis. Kindler-Verlag, Reinbek 2012, ISBN 978-3-463-40629-9.
  • Kari Herbert: Polarfrauen. Mutige Gefährtinnen großer Entdecker. München 2010.
  • Katherine Kirkpatrick: The Snow Baby. The Arctic Childhood of Admiral Robert E. Peary´s Daring Daughter. New York 2007.