Jouke Broer Schuil

Jouke Broer Schuil (Frjentsjer, 20 maart 1875 - Zandvoort, 24 oktober 1960) wie in Fryske berneboekeskriuwer, toanielskriuwer en toanielkritikus. Bekende wurken fan him binne De Katjangs en De AFC'ers.

J.B. Schuil

Biografy bewurkje seksje

Hy wie in soan fan komponist Martinus Schuil. Nei de hbs yn Harns giet Schuil it leger yn. Nei de Keninklike Militêre Akademy yn Breda wurdt Schuil offisier, earst yn Nederlânsk-Ynje en dêrnei yn Nederlân. Nei in oantal toanielstikken skreaun te hawwen beslút hy yn 1910 toanielresensint te wurden by it Haarlems Dagblad. Yn de Earste Wrâldoarloch wurdt er noch mobilisearre, mar yn 1917 jout hy syn funksje fan beropsoffisier op.

Hy wurdt troch syn famylje op it idee brocht om boeken skriuwen te gean en yn 1910 ferskynt syn earste jongesboek, Jan van Beek. Oant 1930 bliuwt Schuil skriuwen. Ek is er dan noch toanielresinsint, mar hjir hâldt er oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch mei op. J.B. Schuil ferstjert yn de âldens fan 85 jier yn 1960.

Bibliografy bewurkje seksje

Jongesboeken bewurkje seksje

Titel Jier Yllustraasjes Opmerkingen
Jan van Beek 1910 (2e printinge: 1917) Jan Sluyters De yllustraasje mei de nammen fan it 'Drievingerenverbond' is troch Schuil sels ûntwurpen; de yllustrators hawwe de namme 'Demosthenes' kennelijk by fersin weilittehn
De Katjangs 1912 (2e printinge: 1915) O. Geerling
De AFC'ers 1915 (2e printinge: 1916) O. Geerling
De Artapappa's 1920 (2e printinge: 1920) O. Geerling
Rob en de stroper van Tjot-Idi 1928 (2e printinge: 1932) Henri Pieck Sûnt de 3e printinge is de titel 'Rob en de stroper van Tjot-Idi', dêrfoar hiet it 'Doodverklaard'
Hoe de Katjangs op de kostschool van Buikie kwamen 1930 (2e printinge: 1936) Titus Leeser Yn dit boek moetsje de haadpersoanen fan trije eardere boeken elkoar: Jan van Beek, De Katjangs en De AFC'ers.

Oar wurk bewurkje seksje

Titel Jier Opmerkingen
Strijd 1894
Mesalliance 1906
Een gelovige 1906
Fatsoen 1909
Gelukkig getrouwd 1916 Ienakter
Chaîne Anglaise 1916 Ienakter
Dodenrit 1919 Ienakter
Intermezzo 1920 Ienakter
De Zedelijkheidsdictator 1920
De voetbalmaniakken 1920

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: