Juancho E. Yrausquin Airport

Juancho E. Yrausquin Airport
Basisynformaasje
Namme Juancho E. Yrausquin Airport
Lokaasje Saba, Nederlânske Antillen
Status Ticht foar kommersjele

flechten. Winair wurdt doocht.

Hichte boppe de

seespegel

18 meter
Lingte lâningsbaan 396 meter
Undergrûn Tarre
Koördinaten 17°38′43″N

63°13′14″W

Juancho E. Yrausquin Airport is it ienichste fleanfjild op it eilân Saba fan de Nederlânske Antillen. It fleanfjild hat in lâningsbaan fan 396 meter en is it lytste kommersjele fleanfjild fan de wrâld.

Ynformaasje bewurkje seksje

It Yrausquin Fleanfjild beslacht in grut part fan it eilân. Neffens saakkundigen is it in relatyf gefaarlik fleanfjild, omdat oan de iene kant hege rotsen binne en oan de beide úteinen de lâningsbaan ophâldt mei in hege klif yn see. Dêrtroch kin it wêze dat in piloat de lâningsbaan foarby giet by it lânjen of opstigen en it fleantúch oer de kliffen yn de see bedarje kin.

Offisjeel is it fleanfjild sluten, dat it fleanfjild kin net foar kommersjele flechten brûkt wurde. Dochs kin der mei spesjale tastimming fan de autoriteiten gebrûk makke wurde fan it fleanfjild.

Fasiliteiten bewurkje seksje

Meidat it fleanfjild in koarte lâningsbaan fan 396 meter hat, kinne der allinnich mar lytse fleantúchjes op it eilân komme. It fleanfjild hat in lytse terminal en oan de noardkant kin in helikopter lânje. Yn it fleanfjildgebou jout sitte kantoaren fan Winair, ymmigraasje en feilichheid en in brânwachtpost mei ien wein. Op it fleanfjild is gjin brânstof foar de fleantugen oanwêzich.

 
De lâningsbaan fan it Yrausquin Fleanfjild.

Maatskippijen en bestimmings bewurkje seksje

De ienichste fleanmaatskippij dy’t op it eilân fleant is Winair. Dy fleant alle dagen fan en nei Sint-Marten, Sint Eustaasjes en Sint Kitts. De flecht nei Sint-Marten duorret likernôch 12 minuten.

Keppelings om utens bewurkje seksje