Kûbaard
Flagge fan Kûbaard Wapen fan Kûbaard
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kûbaard
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2020) 175
Webstee Side Kûbaard

Kûbaard is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, noardwest fan Wommels. It doarp hat likernôch 190 ynwenners (2004).

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Kûbaard diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Dêrnei kaam it yn de nij foarme gemeente Littenseradiel te lizzen. Op 1 jannewaris 2018 waard de gemeente Littenseradiel opdield en kaam Kubaard yn Súdwest-Fryslân te lizzen. It doarp hat net folle ynwenners, mar wol twa tsjerkjes. Yn 1893 waard begûn mei it ôfgraven fan de terp Jorum yn Kûbaard. Op 16 maart 1896 waard de helt fan de boppegrûn fan de terp feild. Kûbaard leit healwei de Slachtedyk.

Mienskip bewurkje seksje

Der binne gjin winkels mear. Nei de simmer spilet it doarpslibben him ôf yn doarpshûs it Mienskipshûs. Hjir sit ek boartersplak "Pjutterwille". Feriening Doarpsbelang organisearret in soad aktiviteiten mar docht ek it behear fan it sportfjild. Oan de Buorren stiet basisskoalle De Reinbôge. It doarpskrantsje SOK ( Sicht op Kûbaard) ferskynt trije kear jiers. It doarp hat de lêste jierren namme makke as Keunstnersdoarp troch it hâlden fan Keunstdagen. Duorsume enerzjy is in grut tema yn it doarp. De yn 1993 oprjochte Kûbaarder Stifting WIEK stiet elk jier in koart fan de winst ôf oan it doarpsbelang. De stifting is eigener fan ien Bonus wynturbine en partisipearret foar 25% yn twa Vestas wynturbines. Dizzen produsearren yn in 2008 trije kear it totale stroomferbrûk fan it doarp. Alle wynmûnen om Kûbaard produsearren yn dat jier tweintich kear it doarpsferbrûk. Boppedat draait basisskoalle De Reinbôge middels sinnepanielen foar 70% op griene enerzjy. Yn 2009 wûn Stifting WIEK mei syn aktiviteiten de Fryske Natuer- en Miljeupriis, útrikt troch de Fryske Nasjonale Partij.

Eveneminten bewurkje seksje

  • Hyndermaraton, twadde sneon fan augustus
  • Keunstmanifestaasje, om de trije jier, mei keunstners as Fokke de Boer, Martin Sijbesma, Monique Verbruggen en Marten Aukes. Keunstners út it doarp hâlde dan in iepen-atelierdei.
  • Kûbaarder Hurdrindei, op de earste sneon fan oktober wurdt sûnt 1987 dan draafd oer de âlde Slachtedyk.

Ferienings bewurkje seksje

  • Feriening Doarpsmienskip
  • De Fleanende Bal en Keubaard - biljerten
  • Us Nocht - keatsen
  • Bid en Werk - frouljusferiening

Tsjerke bewurkje seksje

Befolking bewurkje seksje

Ferskaat bewurkje seksje

Strjitten bewurkje seksje

Berkwerterleane, De Gaast, De Grits, De Leane, De Prikken, Grutte Buorren, Joarumerleane, Knilles Ynsesstrjitte, Lopens, Petronella Moensstrjitte, Slachte, Tsjerkebuorren.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
 
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren