Kaatsheuvel (mei de klam op 'Kaats', yn it pleatslike dialekt D'n Ketsheuvel) is in doarp yn Noard-Brabân, yn de gemeente Loon op Zand. It doarp stiet fanâlds nasjonaal bekend om de skuonneyndustry en fan de turfwinning. Mei karnaval wurdt Kaatsheuvel 'Trufstekerslaand' neamd. Hjoed-de-dei is it doarp benammen bekend troch toeristyske attraksjes Efteling en Nasjonaal Park De Loonse en Drunense Dunen.

Johannes de Dopertsjerke

Lizzing en omlizzende kearnen bewurkje seksje

Kaatsheuvel leit tusken Waalwyk en Tilburg. Tichtby lizzende kearnen binne Loon op Zand, Dongense Vaart, 's-Gravenmoerse Vaart, Waspik-Zuid, Vrijhoeve-Capelle, Sprang, Waalwyk en De Moer. Buorkippen by Kaatsheuvel binne Berndyk, van Heeswijkstrjitte, Hooge Zandschel, Sprangsevaart, Gasthuisstraat-West, De Zwijgertjes, Pannehoef, 't Rooie Dorp, De Els, Bernsehoef.

Etymology bewurkje seksje

Der besteane ferskate opfettings oer it ûntstean fan de plaknamme Kaatsheuvel. Der wurdt beweard dat Kaatsheuvel neamd is nei in midsiuwske hillige 'Sint Catharina'.(boarne?) Troch ferskate gilden waard hja as beskermhillige keazen. In oare teory fertelt dat de namme Kaatsheuvel in ferbastering is fan it wurd Cetshoeve, dat de namme wie fan in herberch dy’t ûngefear op it plak stie fan de Efteling.(boarne?) Ek it Fryske keatsen komt foar yn de oarsprongferhalen.(boarne?) Turfstekkers soene har fêstige ha en dêr op in hichte keatst hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: