In kafee, bar of kroech is in útgeansgelegenheid dêr't men telâne kin om te sosjalisearjen ûnder it genot fan in kopke kofje of tee of in gleske frisdrank, bier of sterke drank. Yn 'e mande mei hotels en restaurants foarmje kafees de horeka-sektor. It ekwivalint fan in kafee yn it Feriene Keninkryk hjit in pub (koart foar public house, "iepenbier hûs"). De earste kafees ûntstiene yn 'e santjinde iuw as kofjehuzen; 'kafee' komt dan ek fan café, it Frânske wurd foar kofje. Neitiid begûnen stadichoan ek kroegen, dêr't benammen bier dronken waard, har 'kafee' te neamen, en sa ûntstie in grut ferskaat oan iepenbiere gelegenheden dy't ûnder dy term beflapt wurde kinne. Kafees ferfolje faak in wichtige sosjale funksje yn doarpen en stedsbuerten, dêr't stamgasten inoar moetsje oan 'e bar of oan harren stamtafel, en dêr't men geregeldwei in jûn trochbringt.

In kafee yn Brussel.

Soarten kafees bewurkje seksje

  • animearbar: in kafee dêr't saneamde 'animearfamkes' potinsjele klanten safier besykje te krijen dat se djoere drankjes mei harren drinke;
  • après-skyhutte: in kafee dat de sfear fan après-sky neibeart troch ynrjochting en muzykkar;
  • bodega: in kafee dat spesjalisearre is yn it skinken fan winen;
  • brassery: in kafee dat ek iten oanbiedt mei in faak flugge betsjinning;
  • brún kafee: in âlderwets ynrjochte kafee mei krappe ferljochting en in protte (dûnker)brún kleure guod yn 'e ynrjochting;
  • cocktailbar: in kafee dat him taleit op it skinken fan cocktails, faak mei in tige moderne ynrjochting;
  • countrybar: in kafee dat ynrjochte is yn wyldweststyl;
  • dûnskafee: in kafee mei in dûnsflier;
  • fearhûs: in kafee by in wetter, dêr't men wachtsje kin oant men troch it fear oerset wurde kin (komt tsjintwurdich amper mear foar);
  • frouljuskafee: in kafee dat him rjochtet op lesbyske froulju;
  • grand café: in grut kafee mei in moderne ynrjochting en in elitêre útstrieling;
  • gaybar of homobar: in kafee dêr't benammentlik homo's gearkomme, of dat him presintearret as in moetingsplak foar homo's;
  • hostessbar of hostbar: in kafee dêr't jonges en famkes yn tsjinst fan it kafee de klanten fermeitsje troch mei harren te praten (benammentlik yn Japan), wat soms útrint op in foarm fan prostitúsje;
  • hotelbar: in kafee dat ûnderdiel útmakket fan in hotel en ornaris op 'e begeane grûn fan sa'n hotel fêstige is (om't it bedoeld is foar de hotelgasten, kin de bûtendoar jûns let op slot dien wurde sadat sa'n kafee him net oan 'e wetlik fêstleine iepeningstiden hoecht te hâlden);
  • ynternetkafee: in kafee dêr't men tsjn betelling op in kompjûter ynternetsje kin;
  • Irish pub of Iersk kafee: in kafee dat him kultureel en nei ynrjochting presintearret as Iersk (mei in protte grien en Keltyske folksmuzyk), en dêr't almeast Guinness as taapbier skonken wurdt;
  • ytkafee: in kafee dêr't men ek iten bestelle kin, hoewol't der yn 'e regel in beheinder assortimint beskikber is as yn in wier restaurant;
  • karaokebar: in kafee mei karaokefasiliteiten;
  • learbar: in kafee foar homo's mei in learfetisjisme, dat faak ek oer in darkroom beskikt;
  • loungebar: in kafee mei in moderne strakke ynrjochting dêr't men lounge kin ûnder it genot fan cocktails en loungemuzyk;
  • poadiumkafee: in kafee mei in poadium, dêr't live muzyk makke wurde kin;
  • pub: in Britsk kafee;
  • skaakkafee: in kafee dêr't skaakt wurde kin;
  • sjisjabar of sjisjalounge: in kafee dêr't de wetterpiip smookt wurde kin, yn 'e regel rjochte op klanten fan Noardafrikaansk, Middeneastlik of Turksk komôf;
  • saloon: in kafee yn it Wylde Westen, faak sjoen yn westernfilms en wer te kennen oan 'e ikoanyske klapdoarkes;
  • speakeasy: in kafee dat fan bûtenôf net as sadanich werom te kennen is; dizze term giet werom op 'e ûndergrûnske kafees (soms letterlik) út 'e tiid fan 'e Drûchlizzing yn 'e Feriene Steaten;
  • studintekafee: in kafee dat him rjochtet op studinten, mei faak lege bierprizen;
  • weardshûs (Nederlânsk: taveerne): in kafee mei in lanlike ynrjochting dêr't men ek lichte mielen bestelle kin;
  • tikibar: in kafee dat him as eksoatysk presintearret en dêr't in grut ferskaat oan cocktails skonken wurdt;
  • wynbar: in kafee dat him taleit op it skinken fan wyn.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.