De oblast Kalûga (Russysk: Калужская область; Kalûzjskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn it wêsten fan de Russyske Federaasje. De oblast leit likernôch 150 oant 200 kilometer súdlik fan Moskou.

Kalûga oblast

Калужская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Sitraal
ekonomyske regio Sintraal
haadplak Kalûga
grutste plak Kalûga
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (90,3 %)
Armeenjers (2,7%)
Ukraïeners (1,9 %) (Stân 2010)
sifers
ynwennertal 1.012.844 (2022)
oerflak 29.777 km²
befolkingstichtens 34,01 ynw. / km²
oar
stifting 1944
tiidsône UTC +3
koördinaten 54° 26' N 35° 26' E
webside www.admoblkaluga.ru

Skiednis bewurkje seksje

 
Miniatuer fan de Slach om Kozelsk (1238)

Yn de maitiid fan 1238 fûn yn de kontreien ien fan de wichtichste Russyske foarfallen yn de tiid fan de Mongoalske ynfaazje (1236-1242) plak, doe't de goed befêstige stêd Kozelsk, ien fan de prinslike sintra fan it Foarstedom Tsjernigov, nei in belis en in striid tsjin de hiele befolking troch de troepen fan Batû Khan oermastere waard. De oermastering fan de stêd duorre meiïnoar sân wiken en allinne Kiëv hold it langer fol tsjin de Mongoalen (13 of neffens oare boarnen 11 wiken). De stêd waard oant de grûn ta ôfbaarnd en de fal hie ûnbidich grutte gefolgen foar Noardeast Ruslân.

Yn 1371 beklage de Litouske prins Algirdas him yn in brief oan de patriarch fan Konstantinopel oer de metropolyt Aleksis fan Kiëv; dat wie de earste kear dat Kalûga skriftlik neamd waard. Tradisjoneel wurdt oannommen dat Kalûga as grinsfort ûntstie om it Moskouske foarstedom te beskermjen tsjin in oanfal út Litouwen wei. De kontreien wiene yn de 15e iuw it plak fan de oanhâldende striid tusken Litouwen en Moskou.

It saneamde 'Stean oan de Ugra', wêrby't de troepen fan de Gouden Horde en it Russyske leger fan Ivan III foar inoar oer stiene sûnder ta in slach te kommen, resultearre yn e befrijing fan de Russyske lannen fan it Tataarske jok en de transformaasje fan Moskou yn in sûvereine steat.

Kalûga waard yn de 16e en 17e iuw mear as in fêsting en in plak dêr't de hannel en ambachten lykas houtfykwurk en it bewurkjen fan ealstiennen opbloeide. Nei de feriening fan Ruslân en de Oekraïne yn 1654 waard Kalûga it plak dêr't de Russyske en Oekraynske hannel inoar moeten.

It dekreet fan Katarina II op 24 augustus 1776 makke fan de provinsjes Kalûga en Tûla it 'namestnitsjestvo' Kalûga (Наме́стничество; in soarte fan ûnderkeninkryk), dat yn 1796 troch tsaar Paul I omset waard yn in gûvernemint. It gûvernemint waard yn 1929 opheft en gyng doe op yn de oblast Moskou. Op 5 july 1944 ûntstie de oblast Kalûga troch it gearfoegjen fan 27 rajons út de oblasten Smolensk, Orjol en Tûla.

Geografy bewurkje seksje

 
De Oka yn oblast Kaluga

Kalûga grinzget oan de stêd Moskou, de oblast Moskou en de oblasten Tûla, Brjansk, Smolensk en Orjol. Fan it noarden nei it suden mjit de oblast 250 km en fan it westen nei it easten 180 km. Flakten, fjilden en bosken mei in rike floara en fauna nimme in grut part fan it gebiet yn beslach.

It gebiet leit sintraal yn de Easteuropeeske Leechflakte tusken it Sintraalrussyske Plato (mei trochsneed hichten fan 200 meter en in maksimum fan 275 yn it súdeasten fan de oblast), it heechlân fan Smolensk-Moskou en de Dnjepr-Desninskaja provinsje.

It reliëf fan de oblast waard foarme yn de tiid it Saaleglasiaal: heuveleftich mei rivierdelten. Guon gletsjermarren binne oant de dei fan hjoed bewarre bleaun, lykas de djipste mar fan de oblast, de Mar fan Besdon. De grutste rivier is de Oka, oare rivieren binne de Ugra, de Zjizdra, de Protva, en de Vorja.

De oblast hat in soad bosk en tegearre mei it grutte tal marren foarmet it gebiet in wichtich toeristysk gebiet.

Ekonomy bewurkje seksje

De oblast wurdt oer goede ferkearsferbinings ferbûn mei Moskou, Brjansk, Kiëv, Lviv en Warsjau. Yn de oblast is de houtyndustry en masjinebou wichtich. Dêrnjonken is it gebiet ryk oan brúnkoal. De stêd Obninsk is in belangryk sintrum foar ûndersyk.

Bestjoersyndieling en grutte plakken bewurkje seksje

De oblast is ûnderferdield yn 24 rajons en de twa stedsdistrikten Kalûga en Obninsk. Oare gruttere stêden binne Ljûdinovo, Kirov, Malojaroslavets en Balabanovo. Meiïnoar binne der yn de oblast 22 stêden en 6 plakken mei in stedsk karakter.

Grutte stêden
Namme Russysk Ynwennertal [1] Wapen Lokaasje
Kalûga Калуга 335.599 (2022)   54° 32' N 36° 16' E
Obninsk Обнинск 115.029 (2018)   55° 06' N 36° 37' E
Ljûdinovo Людиново 36.273 (2022)   53° 52' N 34° 28' E
Kirov Киров 29.576 (2022)   54° 05' N 34° 18' E
Malojaroslavets Малоярославец 28.498 (2022)   55° 00' N 36° 28' E
Balabanovo Балабаново 26.861 (2022)   55° 11' N 36° 39' E

Befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje

Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Befolking 1.183.000 938.000 995.000 3.682.484 1.007.000 1.067.000 1.041.600 1.012.844

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Калужская область

  1. Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russyske lemma oer it plak; oproppen 7 july 2022

 
Dielgebieten fan Ruslân

 

Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne