De Kantabryske See (Spaansk: Mar Cantábrico; Frânsk: Mer Cantabrique; Galisysk: Mar Cantábrico, Astuerysk: Mar Catábricu; Kantabrysk: Mar Cantábricu; Baskysk: Kantauri) is in see foar de súdwestlike kust fan it Jeropeeske fêstelân. Dit wetter leit foar de noardkust fan it Ibearysk Skiereilân en foarmet it súdlike diel fan 'e Golf fan Biskaje. De Kantabryske See is ferneamd nei de regio Kantaabrje, yn noardlik Spanje.

Kantabryske See
De Golf fan Biskaje yn donkerblau en pears, mei de Kantabryske See yn pears.
De Golf fan Biskaje yn donkerblau en pears, mei de Kantabryske See yn pears.
geografy
type wetter rânesee
lokaasje foar de Spaanske noardkust
lân Frankryk
Spanje
ûnderdiel fan Golf fan Biskaje
sifers
maks. lingte 800 km
maks. breedte ±50 km
oerflak ±40.000 km²
djipste punt 2.789 m

De Kantabryske See mjit sa'n 800 km fan east en west. De breedte is iepen foar ynterpretaasje, mar ornaris wurdt dêrfoar likernôch 50 km rekkene. Dêrmei soe de Kantabryske See in oerflak fan ûngefear 40.000 km² beslaan. It djipste punt befynt him op 2.789 m ûnder it wetteroerflak.

De Kantabryske See is in rânesee fan 'e Atlantyske Oseaan. De see foarmet, fan west nei east, de noardlike begrinzging fan 'e Spaanske autonome mienskippen Galysje, Astuerje, Kantaabrje en Baskelân. Hy foarmet ek de westlike begrinzging fan it Frânske departemint Pyrenées-Atlantiques yn Frânsk-Baskelân.

Oan 'e Kantabryske See lizze wichtige havenstêden as Gijón yn Astuerje, Santander yn Kantaabrje, en Bilbao en San Sebastián yn Baskelân. Yn Frânsk-Baskelân lizze de baaiplakken Biarritz en Bayonne oan 'e Kantabryske See. De noardlike râne fan 'e Kantabryske See oan 'e Frânske súdwestkust wurdt oanjûn troch de mûning fan 'e rivier de Adour, by Bayonne.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.