De kapeseachbek (Lophodytes cucullatus) is in fûgel út de famylje fan de Einfûgels. De Kapeseachbek hat in protte fan de seachbekken en wie yn 1758 troch Carolus Linnaeus ek by harren yn it skaai set. Yn 1853 is dizze fûgel troch Ludwig Reichenbach yn in apart skaai set.

kapeseachbek

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai kapeseachbekken (Lophodytes)
soarte
Lophodytes cucullatus
Reichenbach, 1853
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


De Kapeseachbek hat syn namme te tankjen oan de kape dy't er rjocht oerein sette kin. Sawol it mantsje as it wyfke hawwe in kape. It mantjse hat in swart mei wite kape lykas syn meast fearren, ek hat er opfallende readbrune siden. It wyfke is hast hielendal brún.

Fersprieding bewurkje seksje

De Kapeseachbek komt foar yn Noard-Amearika yn sompen en bosken mei marren yn de buert fan de Grutte Marren en oan de Pasifyske kust. Hy oerwinteret yn it suden fan de Feriene Steaten. Somtiden is der ek wol is in ferdwaalde Kapeseachbek yn West-Jeropa sjoen. Mar tsjintwurdich is kâns grut dat in Kapeseachbek dy't yn it wyld yn Jeropa sjoen wurdt in ontsnapt eksimplaar is. Sûnt it likernôch 1950 yn Amearika foar it earst slagge mei de fûgel te fokken is it in populêre sierfûgel wurden.

 
Aaien fan 'e kapeseachbek.

Fuortplanting bewurkje seksje

Lykas de Lytse Seachbek yn Jeropa, is de Kapeseachbek in hoalebrieder. Hy briedt yn beamhoalen dy't oant sa'n acht meter boppe de grûn lizze kinne. De 6-12 aaien wurde yn 30 dagen útbret. De jongen wurde troch it wyfke fersoarge. De jongen binne earst donkerbrún,;at se fearren krije lykje se in protte op harren mem, útsein dat harren kape dúdlik lytser is. Nei sa'n 70 dagen kinne de jongen fleane en ferlit de mem harren jongen.

Iten bewurkje seksje

De Kapeseachbek yt meastentiids lytse fisken, kreeften en yn de simmermoannen ek wetterynsekten. Om syn iten te fangen dúkt en swimt er ûnder wetter. Boppedat yt er ek wol wat wetterplanten.

Sjoch ek bewurkje seksje